De tsjerke fan Weinterp leit bûten de beboude kom tusken Wynjewâlde en Himrik, mar stie oarspronklik yn it natuergebiet Weinterper Skar, tichter by it Keningsdjip. Yn 1777 is de âlde tsjerke, boud yn 1723, ôfbrutsen en stien foar stien wer opboud op syn hjoeddeistige plak, yn opdracht fan Daniël de Blocq-Lycklama à Nijeholt. De stiennen waarden troch de mannen fan Wynjeterp trochjûn wylst se yn in lange rige stiene. De bou waard foltôge yn 1778, tsjûge de stien yn de westgevel. Ek boppe de doar oan de súdkant is in stien mei dêrop in tekst pleatst út 2 Timóteüs 2 fers 19. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Bûten de beboude kom
  • Jiertal: 1778
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 218 m2
  • Denominaasje: Nederlânsk Herfoarme
  • Hjoeddeistige funksje: Religieus

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerStifting
Adres, postkoadeTsjerkereed 2, 9241 HH
MonumintstatusRyksmonumintnûmer 31869
Arsjitekt                Unbekend
Boustyl               Neoklassisisme 

Fêste objekten en muorkunst

Stiftingsstien út 1778.  

Gevelstien mei spreuk. 

BegraafplakJa
TerrienTsjerke op ferhege omheind tsjerkhôf. Rjochthoekich perseel.
Berikberens en parkeargelegenheidBeheinde parkearmooglikheid. Berikberheid is ridlik, oan in trochgeande haadwei bûten it doarp.
Boarnen

Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed

www.reliwiki.nl

www.hervormdegemeentewynjewâld.nl

Beskriuwing S. ten Hoeve, 1974, webstee Stichting Alde Fryske Tsjerken 

It ferhaal fan de Weinterp

De tsjerke fan Weinterp leit bûten de beboude kom tusken Wynjewâlde en Himrik, mar stie oarspronklik yn it natuergebiet Weinterper Skar, tichter by it Keningsdjip. Yn 1777 is de âlde tsjerke, boud yn 1723, ôfbrutsen en stien foar stien wer opboud op syn hjoeddeistige plak, yn opdracht fan Daniël de Blocq-Lycklama à Nijeholt. De stiennen waarden troch de mannen fan Wynjeterp trochjûn wylst se yn in lange rige stiene. De bou waard foltôge yn 1778, tsjûge de stien yn de westgevel. Ek boppe de doar oan de súdkant is in stien mei dêrop in tekst pleatst út 2 Timóteüs 2 fers 19. 

De ienfâldige bakstiennen sealtsjerke hat in trijesidige koarsluting en rûnbôgefinsters mei roedefersprieding. Der binne lisenen oanbrocht yn it mitselwurk. Op it mitselwurk is nûmering foar de grêfrigen oanbrocht. Yn sawol de foargevel as de sydmuorre is in rûnbôgedoar oanwêzich. Yn de foargevel is ek in lytser rûnbôgeraam mei roedefersprieding te sjen. It sealtek bestiet út swarte glazuere dakpannen. De tsjerke hat in houten dakruter op de westgevel, dizze hat allinnich in sierfunksje. De galmgatten binne derop skildere. De seiskantige spits is bedutsen mei leien.

De tsjerke is yn 1984 en 1988-1990 restaurearre. De pleisterlaach op de westlike gevel dy't yn 1899 oanbrocht waard, is ferwidere. Yn 2017 waard de tsjerke opnij restaurearre. It houtwurk en de toer krigen in nije ferve, it dak nije ljedderheakken. Beide wynfanen, in hynder en in hoanne, krigen nij fergulsel. De foto fan it ynterieur datearret fan 1969, fan foar de restauraasjes (boarne: Byldbank Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed). It ynterieur ûndergie restauraasjes yn 1996-1997 en waard safolle mooglik yn âlde styl werombrocht. 

De preekstoel is makke yn Loadewyk XVI-styl. It houtsnijwurk ferbyldet 4 evangelisten: Mattéus, Markus, Lukas en Johannes. Op it foarpaniel stiet Mozes mei de Tafels fan de Wet. De hoeken binne ek fersierd: blêd- en blommefestoenen mei ferskate symboalen, lykas dea, ivichheid en fergonklikheid en de jiertiden. De trep hat ajour-snijde balusters. Tsjinoer de preekstoel stiet in hearebank mei huif en it famyljewapen fan Daniël de Blocq-Lycklama à Nijeholt. 

De hearebanken binne sûnder fersiering, de frouljusbanken hawwe snijde goatyske kaaiestikken. Se komme wierskynlik út de yn 1777 ôfbrutsen tsjerke. Ien fan de kaaiestikken hat in twakoppige earn mei blank skyld, de oare kaaiestikken in earn, stier en liuw. Ut harren bekken komme Bibelske spreuken. Op de tsjerkebanken steane 14 koperen kearselstanderts. Der hongen ek twa tolvearmige kroanluchters mei kearsen, mar dy waarden yn 2009 ûntfremde. No hingje der replika's, foarsjoen fan lampen. Boppe it koar is in trekbalke mei skildere kartûs en dêrop in spreuk oer de stifting. 

It oargel, datearre ein achttjinde iuw, waard yn 1914 kocht fan Jan Proper út Kampen foar 800 gûne. Wêr't it oargel oarspronklik tsjinst die is net bekend, krekt as de namme fan de makker. Yn 1940 waard it oargel opknapt. Yntusken binne de tsjerke en it oargel yn eigendom fan de Herfoarme Stichting Begraafplakken. Yn 2003 waard it oargel opknapt troch oargelbouwer Haarsma út Drachten. 

De tsjerke wurdt brûkt foar tsjerketsjinsten en is te hier foar gearkomsten.

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.