14. Eben-Haëzer
De skiednis fan de herfoarme gemeente yn Gorredyk giet rom 350 jier werom. Dizze gemeente kaam fan 1684 ôf byinoar yn it no ôfbrutsen tsjerkegebou oan de Tsjerkewâl. Yn 1864 ûntstie der binnen de herfoarme gemeente in evangelisaasjebeweging. Sy foarmen in ôfdieling fan de Freonen fan de Wierheid. De leden fan dizze feriening holden harren gearkomsten yn it gebou Eben-Haëzer.

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: Yn wenwyk
- Jiertal: 1870
- Boutype: Sealtsjerke
- Oerflak: 119 m2
- Denominaasje: Nederlânsk Herfoarme
- Hjoeddeistige funksje: Wenje
Skaaimerken fan de tsjerke
| Eigner | Partikulier |
| Adres, postkoade | Brouwerswâl 58, 8401 DB |
| Monumintstatus | Gjin |
| Arsjitekt | Unbekend |
| Boustyl | Neoklassisisme |
Fêste objekten en muorkunst | Namme fan de tsjerke op de foargevel. |
| Begraafplak | Nee |
| Terrien | Lyts rjochthoekich perseel (sa. 151 m²). |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Redlik goede berikberens, wat fierder fan it sintrum ôf lein. Der is mar beheinde romte om te parkearjen yn de tichtby lizzende strjitten. |
| Boarnen | Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed Makelderij Sierd Moll www.kerk-en-orgel.nl Ofbyldings: makelderij Sierd Moll |

It ferhaal fan de Eben-Haëzer
De skiednis fan de herfoarme gemeente yn Gorredyk giet rom 350 jier werom. Dizze gemeente kaam fan 1684 ôf byinoar yn it no ôfbrutsen tsjerkegebou oan de Tsjerkewâl. Yn 1864 ûntstie der binnen de herfoarme gemeente in evangelisaasjebeweging. Sy foarmen in ôfdieling fan de Freonen fan de Wierheid. De leden fan dizze feriening holden harren gearkomsten yn it gebou Eben-Haëzer.
It sealtsjerke stiet tusken twa oare pannen yn. De foardoar is pleatst yn in rûnbôge-iepening mei in segmintbôge. Oan wjerskanten fan de foardoar binne twa pilasters pleatst. Yn it ferline siet der tusken beide pilasters in sierfronton, mar dizze is der net mear. Oan beide kanten fan de foardoar is in rûnbôgefinstert sichtber. De eardere rûnbôgefinsters hiene in roedefersprieding. De hjoeddeistige rûnbôgefinsters binne oanpast oan de nije tiid: de kozijnen binne dikker makke en de roedefersprieding ûntbrekt. De foarhinne folslein tichte foardoar hat in ovaal finster mei roedefersprieding krigen, yn oerienstimming mei it rûne finster yn de boppefasade.
De boppefasade befettet in lyts rûn finster mei roedefersprieding. It tsjerkje hat in ynsweefde topgevel. Ek stiet hjir de namme fan it gebou op werjûn. De swarte letters steane op in bân fan wyt stúkwurk. Om't it pân langer is as de njonkenlizzende pannen, is der ek in rûnbôgefinstert yn de sydgevel oanbrocht. Ek de eftergevel befettet in finster mei roedefersprieding.
It ynterieur herberget noch inkele aspekten fan de tsjerklike funksje. It plafond bestiet út in tonferwulft mei trekstangen. It oargel is bewarre bleaun.
It pân waard, neidat it net langer yn gebrûk wie troch de Herfoarme gemeente, ferkocht oan in Baptiste gemeente út Drachten, dy't dêr eigen tsjinsten hâlde soe. Yn 2012 is it tsjerkegebou ferkocht en yn de jierren dêrnei ferboud, ûnder oare troch de firma Kort & Kort. It tsjerkje hat tydlik it thús west fan in galery en hat hjoed-de-dei in wenfunksje.