21. Sint Jakobustsjerke
De Sint Jakobustsjerke, wijd oan Jakobus de Meardere, is boud yn 1949, mar wie net it earste tsjerkegebou dat op dit plak stie. In oar tsjerkje, boud yn 1910, baarnde yn 1941 ôf. De hjoeddeistige tsjerke is hjirfan de opfolger. In noch âldere tsjerke stie oant 1909 op in terrein dat sawat 300 meter súdliker lei. Dit wie in midsiuwske tsjerke út nei alle gedachten de 13e iuw, sjoen de rûne absis.

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: Bûten de beboude kom
- Jiertal: 1949
- Boutype: Sealtsjerke
- Oerflak: 109 m2
- Denominaasje: Herfoarme
- Hjoeddeistige funksje: Wenje
Skaaimerken fan de tsjerke
| Eigner | Partikulier |
| Adres, postkoade | Binnenwei 14, 9248 KW |
| Monumintstatus | Nee |
| Arsjitekt | J.J.M. Vegter |
| Boustyl | Eklektysk |
| Fêste objekten en muorkunst | Houten boerd mei Fryske tekst op foargevel. |
| Begraafplak | Nee |
| Terrien | Fjouwerkant perseel fan sa. 2000 m2. Oan de foarkant begrinzge troch in beukehage en sleat. Op it terrein tichtby de yngong twa âlde beammen. |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Bûten de beboude kom lein, beheinde parkeargelegenheid. |
| Boarnen | Artikel Herfoarme tsjerke Sigerswâld wurdt omtovere ta wenhûs, Friesch Dagblad, 13 augustus 2021. Artikel Tsjerke Sigerswâld yn de ferkeap, SA-media, 3 oktober 2018. Haadfoto en foto ynterieur: Date Boekema & Janneke Boekema-Haisma |

It ferhaal fan de Sint Jakobustsjerke
De Sint Jakobustsjerke, wijd oan Jakobus de Meardere, is boud yn 1949, mar wie net it earste tsjerkegebou dat op dit plak stie. In oar tsjerkje, boud yn 1910, baarnde yn 1941 ôf. De hjoeddeistige tsjerke is hjirfan de opfolger. In noch âldere tsjerke stie oant 1909 op in terrein dat sawat 300 meter súdliker lei. Dit wie in midsiuwske tsjerke út nei alle gedachten de 13e iuw, sjoen de rûne absis.
De hjoeddeistige tsjerke is in lytse, ienfâldige sealtsjerke mei klokkepyloan en sealtek, ûntwurpen troch de Nederlânske arsjitekt J.J.M. Vegter (1906-1982). It is optrokken út brune bakstiennen. It tsjerkje hat in houten yngong. Boppe de yngong is in Fryske spreuk pleatst fan dûmny Cuperus op in houten boerd. It is de ienige tsjerke yn Fryslân mei sa'n boerd op de gevel. Om it ûntstean fan it boerd hinne bestiet in pleatslik folksferhaal út sirka 1880: “De sege oer de drankduvel’ (de sêge oer de drankduvel).
Sintraal yn de foargevel is in rûn raam makke mei dêrop it stichtingsjier befêstige, útfierd yn metaal yn in Jugendstil lettertype. Yn it mitselwurk fan de foargevel is boereflechtwurk te sjen. Oan wjerskanten fan de foargevel binne heale lisenen pleatst. Beide sydmuorren hawwe trije glês-yn-lead rûnboogramen en in inkeld rûn raam mei glês-yn-lead dekoraasje. Ek hawwe beide sydmuorren in listôfwurking en in oerstek mitselwurk. It sealtek is bedutsen mei swarte pannen.
Ut de tsjerke is it tsjerkeynterieur, dat foarhinne ûnder oare bestie út fêste banken, ferwidere. It plafond bestiet út in houten tonferwulft.
Yn 2018 ferlear it tsjerkje syn religieuze funksje. Yn desimber 2018 waard der in spesjale tsjinst holden en waard de tsjerke bûten gebrûk steld.
Yn 2019 waard de tsjerke by ynskriuwing ferkocht troch de protestantske gemeente oan de hjoeddeistige eigner. Der waarden in pear jier brulloften holden en ek in brulloftsbeurs yn 2020. It tsjerkje hat no in wenbestimming. It gebou krijt in nije útwreiding oan de efterkant, wêrby't it karakter fan it tsjerkje sels behâlden bliuwt.