De tsjerke fan Duurswâld is boud yn de fyftjinde iuw. De tsjerke kin typearre wurde as letgoatysk, Romaansk, en is opboud mei kleastermoppen dy't ôfkomstich binne fan de mooglik 13e-iuwske foargonger. De tsjerke wie wijd oan Johannes de Evangelist. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Bûten de beboude kom
  • Jiertal: ± 1450
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 156 m2
  • Denominaasje: Nederlânsk Herfoarme
  • Hjoeddeistige funksje: Religieus

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip
Adres, postkoadeBreeberchspaed 1, 9241 WP
MonumintstatusRyksmonumint nûmer 31839
Arsjitekt                Unbekend
Boustyl               Letgoatysk/Romaansk
Fêste objekten en muorkunstGjin
BegraafplakJa
TerrienTsjerke sintraal lein, te midden fan grêven, op rjochthoekich perseel, dat foar in part troch bosk omjûn is. Perseel is útwreide mei in nij stik terrein t.b.f. nije grêven. 
Berikberens en parkeargelegenheidBeheinde parkeargelegenheid. Berikberheid is matich, oan in bûtenwei bûten it doarp lein.
Boarnen

Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed

Peter Karstkarel, Alle midsiuwske tsjerken. Fan Harns oant Wilhelmshaven (Ljouwert, 2007).

Jan Jongepier, Fiif ieuwen Fryske oargelbou (Ljouwert 2004).

www.hervormdegemeentewynjewâld.nl

It ferhaal fan de Sint Janskerk

De tsjerke fan Duurswâld is boud yn de fyftjinde iuw. De tsjerke kin typearre wurde as letgoatysk, Romaansk, en is opboud mei kleastermoppen dy't ôfkomstich binne fan de mooglik 13e-iuwske foargonger. De tsjerke wie wijd oan Johannes de Evangelist. 

De ienbeukige sealtsjerke hat in trijesidich sletten koar mei oan de súdkant in finster mei in rûnbôge en yn de slútmuorre noch in tichtmitsele rûnbôgefinster. Yn de westlike gevel sit in houten rûnbôgedoar mei dêrboppe in koart spitsbôgefinster en in lantearne. It skip fan de tsjerke hat oan beide kanten ek fjouwer koarte finsters, wêrfan't trije spitsbôgich binne en ien rûnbôgich. De sydmuorren hawwe fiif mitsele steunbearen fan giele stien, dy't yn de 18e iuw oanbrocht binne. Under de finsters binne foar in part noch útmitselde wetterlisten bewarre bleaun. Yn de twadde travee fan it westen ôf sit yn elk fan beide sydmuorren in tichtmitsele yngong, de noarmannedoarren. Yn de noardmuorre, ûnder it twadde finster fan efteren binne de restanten te sjen fan nei alle gedachten in hagioskoop. De noardmuorre hat inkele mei lytse giele stiennen restaurearre muorrefakken. It dak bestiet út in pannetek fan swarte dakpannen mei dûbele golf.

Yn 1783 waard oan de westside in houten tuorke mei in ynsnoerde nâldspits en galmgatten boud op it dak fan de tsjerke. De nâldspits is bedutsen mei leien. De klok út 1783 waard troch de besetter foardere en is net weromfûn. Yn 1952 waard der in nije klok út Epe ynstallearre. De wynwizer hat de foarm fan in springend hynder. Op it nokke-ein stiet ek in wynwizer, in hoanne. 

Yn 1990-1991 waard de tsjerke en ek de toer restaurearre. In pleisterlaach op de westgevel út 1899 waard doe ferwidere.

It plafond fan de tsjerke bestiet út in houten tonferwulft mei trekbalken, kaaiestikken, korbelen en muorrestilen. Der binne nissen útskaaid yn de sydmuorren. Yn de flier is in readstiennen sarkofaachdeksel pleatst. 

De preekstoel is makke yn 1798. De seiskantige kûp stiet tsjin de koarsluting oan. De panielen hawwe in dûbele profyllist, de ûnderrâne fan de kûp hat panieltsjes mei listwurk mei snijde draperyen. Op de hoeken fan de kûp healrûne pilasters. De lêzer is makke yn 1799 en hielendal fan koper. De leuning fan de trep hat iepenwurke balusterpeallen. 

Yn 1932 ûndergie it ynterieur in pear oanpassings. In pear histoaryske ynterieurstikken ferdwûnen, wêrûnder it âlde doopstek. Ek it grutste part fan de banken waard ferfongen. 

It oargel waard om 1723 hinne boud troch de bruorren Franz Caspar en Johann Georg Schnitger yn de Evangelysk-Lutherske tsjerke yn Swol. It oargel waard yn 1917 kocht foar 493,20 gûne troch de tsjerke fan Duerswâld en troch oargelmakker Proper út Kampen yn de tsjerke pleatst. It oargel waard yn 2001 restaurearre troch firma Bakker en Timmenga út Ljouwert. De details op it oargel binne basearre op wurk fan graveur en arsjitekt Daniel Marot. 

De tsjerke wurdt brûkt foar tsjinsten en wurdt ek ferhierd foar gearkomsten. 

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.