20. Sint Hippolytustsjerke
De midsiuwske Sint Hippolytustsjerke is boud yn 1415. It betreft in rjocht sletten ienbeukich tsjerkegebou mei in ûnferdielde toer mei ynsnuorre spits. De muorren binne oplutsen út reade en giele kleastermoppen.

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: Bûten de beboude kom
- Jiertal: 1415
- Boutype: Rjocht sletten sealtsjerke
- Oerflak: 147 m2
- Denominaasje: Nederlânsk herfoarme
- Hjoeddeistige funksje: Kultureel maatskiplik
Skaaimerken fan de tsjerke
| Eigner | Stifting |
| Adres, postkoade | Achterwei 6, 9246 TL |
| Monumintstatus | Ryksmonumintnûmer 31862 |
| Arsjitekt | Unbekend |
| Boustyl | Goatysk |
| Fêste objekten en muorkunst | Stiftingsstien boppe yngong tsjerketoer mei famyljewapens Van Boelens en Lycklama à Nijeholt. Ynmitselde gevelstien eftermuorre ta oantinken oan de restauraasje yn 1913. |
| Begraafplak | Ja |
| Terrien | De tsjerke wurdt omsirkel troch in ûndjippe sleat en inkele âlde bûken. |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Der is in oprydleane nei in tichtby lizzend parkearterrein dêr't romte is foar sa'n 60 auto's. |
| Boarnen | www.reliwiki.nl |

It ferhaal fan de Sint Hippolytustsjerke
De midsiuwske Sint Hippolytustsjerke is boud yn 1415. It betreft in rjocht sletten ienbeukich tsjerkegebou mei in ûnferdielde toer mei ynsnuorre spits. De muorren binne oplutsen út reade en giele kleastermoppen. Nei alle gedachten is de tsjerke koart nei de bou fergrutte, sichtber troch de bouwnaad yn de noardmuorre. De tsjerke hat yn sawol de sydmuorren as yn de eftermuorre smelle spitsbôgefinsters mei glês-yn-leadramen. De slútmuorre oan de eastside hat in trepgevel mei ezelsrêgen. Ek oan wjerskanten fan de toer binne trepgevels oanwêzich. De wynwizer op de toer byldet it alliânsjewapen fan Ayso fan Boelens en syn earste frou Rinske Lycklama à Nijeholt út. De tsjerke die sûnt de achttjinde iuw tsjinst as privee kapel foar de famylje Van Boelens. De toer waard yn 1744 pleatst tsjin it midsiuwske skip. De oanwêzige klokkestoel waard fuorthelle. Ayso fan Boelens en syn frou betellen foar de bou fan de toer it bedrach fan 500 gûne, sa't te lêzen stiet op de stiftingsstien boppe de yngong fan de toer. Ek is hjir in helderreade en giele wapenskyld oanbrocht mei njonkeninoar de famyljewapens fan Van Boelens en Lycklama à Nijeholt. De toer is sûnt de Frânske tiid eigendom fan gemeente Opsterlân.
De tsjerke is yn 1912-1913 renovearre op inisjatyf fan frou B.W.T. Sandberg fan Boelens en krige doe it romantyske karakter. Ta oantinken oan dizze restauraasje is yn de eftermuorre in gevelstien oanbrocht. Yn 1972 waard der opnij renovearre.
It ynterieur is ryklik oanklaaid. It gongpaad tusken de banken bestiet út ljocht- en donkerbrune estriken yn in damboerdpatroan. It plafond bestiet út in houten tonferwulft. Opfallend is de ryk snijde preekstoel mei de orizjinele koperen sânglashâlder mei houten
sânrinner. Ek in ryk fersierde lêzersbank heart ta it ynterieur. Yn it koar, dat ôfsletten wurdt troch in stekwurk mei fjouwer houten kanelearde fazen, is in healrûne Bremerstien mei krús te sjen. De letters INRI en 1718 binne letter tafoege. De preekstoel út om-ende-by 1780 wurdt stipe troch in yn hout snijde earn. Op de kûppanielen wurde de 4 evangelisten en byhearrende symboalen, lykas Mozes mei de tsien geboaden, ôfbylde. Tsjinoer de preekstoel stiet in hearebank. Yn de jierren fyftich fan de tweintichste iuw krige it ynterieur syn waarmreade kleurstelling. Yn de tsjerke binne ferskate roubuorden oanwêzich fan de famyljes Boelens, Hemminga en Lycklama à Nijeholt. Yn de flier lizze in tal santjinde- en achttjinde-iuwske grêfsarken fan de famylje Van Boelens.
It oargel waard yn 1988 makke troch de oargelbouwers bruorren Reil út Heerde en is yn 2004 nei Olterterp ferpleatst fanút Egmond oan Zee. It houtsnijwurk oan de foarside, in harpe, trompet, fioele en ingelkopkes, waard útfierd troch de Eastenrykske houtsnijer Moser.
It perseel dêr't de tsjerke op stiet, wurdt omjûn troch in smelle, ûndjippe sleat. Fia in pear lytse, houten brêgen is de tsjerke te berikken. Oan de sydkanten en efterkant fan de tsjerke leit in tsjerkhôf, dêr't in pear aadlike ynwenners begroeven binne. Tsjin de sleat oan, njonken it kuierpaad, steane in tal âlde bûken.
De Sint Hippolytustsjerke is sûnt 1996 yn it besit fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. Yn 2013 hat der in grutskalige renovaasje plakfûn. Tsjintwurdich wurde der eksposysjes en konserten organisearre, mar de lokaasje is boppe-al populêr as troulokaasje.