9. Keninkryksseal
De Keninkryksseal fan de Jehovah's Tsjûgen is boud yn 1975. It is ûntwurpen troch yngenieurssburo Holzbau út Karlsruhe. De bou waard útfierd troch Macke Boubedriuw út Neuvrees, Dútslân.

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: Yn wenwyk
- Jiertal: 1975
- Boutype: Sealtsjerke
- Oerflak: 366 m2
- Denominaasje: Jehovah's Tsjûgen
- Hjoeddeistige funksje: Religieus
Skaaimerken fan de tsjerke
| Eigner | Tsjerkegenoatskip/stifting |
| Adres, postkoade | Kompanjonsstrjitte 120, 8401 RW |
| Monumintstatus | Gjin |
| Arsjitekt | Yngenieurssburo Holzbau, Karlsruhe |
| Boustyl | Utilitair |
Fêste objekten en muorkunst | Unbekend |
| Begraafplak | Nee |
| Terrien | Rjochthoekich perseel yn wenwyk, omheind troch in smei-izeren hek en skuddingen. |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Goede berikberheid. Yn wenwyk oan trochgeande wei. Genôch parkeargelegenheid. |
| Boarnen | Dossier gemeente Opsterland |

It ferhaal fan de Keninkryksseal
De Keninkryksseal fan de Jehovah's Tsjûgen is boud yn 1975. It is ûntwurpen troch yngenieurssburo Holzbau út Karlsruhe. De bou waard útfierd troch Macke Boubedriuw út Neuvrees, Dútslân.
It ienfâldige tsjerkegebou, in sealtsjerke, is makke fan giele bakstien. De dragende bûtenmuorren binne makke fan Durox mitselwurk. De fundearring is makke fan wapene beton. De dakbedekking bestiet út swarte sneldekker dakpannen. De foargevel hat in dûbele doar fan hout en glês yn in nis. Der binne twa stikken ajour mitselwurk makke yn de foargevel. De foargevel is foar in part beklaaid mei houtwurk, grien ferve. Yn de sydmuorren binne in pear grutte raampartijen oanbrocht dy't soargje foar romme ljochtynfal. Oer it ynterieur is gjin fierdere ynformaasje bekend.
Yn 1985 is der in berging oan it pân tafoege en waard de gearkomsteseal ferboud. Yn 1993 folge der in útwreiding en bou fan in fytsestalling. It tsjerkegebou wurdt wykliks foar de earetsjinst brûkt.