10. (Fm.) Grifformearde tsjerke
De eardere grifformearde tsjerke waard yn 1914 boud yn de tún fan in wenning oan de kade dy't as pastory yn gebrûk nommen waard.

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: Yn sintrum
- Jiertal: 1914-1915
- Boutype: Sealtsjerke
- Oerflak: 290 m2
- Denominaasje: Grifformeard
- Hjoeddeistige funksje: Hoareka
Skaaimerken fan de tsjerke
| Eigner | Partikulier |
| Adres, postkoade | Brouwerswal 40, 8401 DA |
| Monumintstatus | Gjin |
| Arsjitekt | Unbekend |
| Boustyl | Eklektysk mei rasjonalistyske details |
Fêste objekten en muorkunst | Jiertal op foargevel. |
| Begraafplak | Nee |
| Terrien | Gebou dat wat fan de trochgeande wei ôflikt, mei allinnich oan de efterkant tún. |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Matige berikberheid fanwege lokaasje yn it sintrum fan it doarp. Hast gjin parkearmooglikheid. |
| Boarnen | Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed Rapport Werbrûk Fryske Tsjerken 2012 Provinsje Fryslân Dossier Gemeente Opsterlân |

It ferhaal fan de Keninkryksseal
De eardere grifformearde tsjerke waard yn 1914 boud yn de tún fan in wenning oan de kade dy't as pastorije yn gebrûk naam waard. De gevels binne makke fan brune bakstien. Yn 1927 waard de tsjerke útwreide. It skip is T-foarmich. Op de foargevel in bôgefries en fronton mei roazefinster. Rûnbôgegevel mei timpaan en oarspronklik in fjouwerkante doar oan de foarkant. Rûnbôgefinsters mei roedferdieling oan beide kanten fan de yngong. Unbekend is oft de foargevel noch yn deselde steat bleaun is. Yn de eftergevel en sydmuorren binne ferskate rûnbôgefinsters te sjen. In diel derfan is bepleistere. It dak is bedutsen mei reade dakpannen.
Fanwege it groeiend tal leauwigen waard de tsjerke te lyts. Dêrom besleat de tsjerklike gemeente ta de bou fan in nij tsjerkegebou, de Ontmoetingskerk, dat yn 1972 yn gebrûk naam waard. It tsjerkegebou waard nei de sluting ûnder mear brûkt as tekenseal troch meiwurkers fan timmerfabryk De Vries.
Yn septimber 1978 waard der in fersyk by gemeente Opsterlân yntsjinne troch de doetiidske eigner om it tsjerkegebou wer in nije bestimming te jaan en it op te knappen. It Sineeske restaurant wie doe al fêstige yn it pân dat derfoar stiet. Der wie doe it idee om der in bowlinghûs fan te meitsjen. Dit plan hat lykwols gjin trochgong fûn.
Yn de pastorije en in tuskenbou is in Sineesk restaurant fêstige. De tsjerkezaal fan it tsjerkegebou sels is ferboud ta romte foar geselskippen, mei dêryn in bar. Yn dizze romte is in tuskenflier mei systeemplafond befêstige, dy't brûkt wurdt as opslach. It houten ferwulft is sichtber bleaun.
It tsjerkegebou is troch it oanbringen fan ôffierbuizen en oare oanpassingen fan de iepenbiere wei ôf hast net mear werkenber. Allinnich in lyts diel fan de foargevel is noch sichtber.