3. Sint Martenstsjerke
De Sint Martenstsjerke, ek wol bekend as de Doarpstsjerke, is in ryksmonumint en datearret út 1804. Der stie earder in midsiuwske boufallige tsjerke dy't ôfbrutsen waard yn 1803, wêrfan de restanten fungearje as fûnemint foar de hjoeddeistige tsjerke. It inisjatyf ta it bouwen fan in nije tsjerke waard nommen troch de aadlike famyljes Van Teyens en Van Lynden.

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: By doarpskearn
- Jiertal: 1803-1804
- Bouwtype: Trijezijich sletten sealtsjerke
- Oerflak: 232 m2
- Denominaasje: Nederlânsk Herfoarme
- Hjoeddeistige funksje: Religieus/PKN
Skaaimerken fan de tsjerke
| KENMERKEN | |
| Eigner | Tsjerkegenoatskip |
| Adres, postkoade | Van Lyndenleane 5, 9244 BV |
| Monumintstatus | Ryksmonumint nûmer 31816 |
| Arsjitekt | Unbekend |
| Boustyl | Neoklassisisme / neo-grec |
Fêste objekten en muorkunst | Tinkstien mei fermelding nijbou 1803 yn toerwand tsjin de tsjerke boppe binnendoar. |
| Begraafplak | Ja |
| Terrien | Op it mei in beukehage omseame terrein is in klokkestoel oanwêzich. Bysûnder binne it tichtby lizzende famyljegrêf en de grêfkelder. |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Goed berikber mei eigen ferfier en iepenbier ferfier. Rom parkearplak. |
| Boarnen | Ynformaasjeboekje J.C. Terluin, 2002. Webstee Via Pacis www.historischbeetsterzwaag.nl |

It ferhaal fan de Sint Martenstsjerke
De Sint Martenstsjerke, ek wol bekend as de Doarpstsjerke, is in ryksmonumint en datearret út 1804. Der stie earder in midsiuwske boufallige tsjerke dy't ôfbrutsen waard yn 1803, wêrfan de restanten fungearje as fûnemint foar de hjoeddeistige tsjerke. It inisjatyf ta it bouwen fan in nije tsjerke waard nommen troch de aadlike famyljes Van Teyens en Van Lynden.
It tsjerkegebou hat in sobere arsjitektuer. De muorren en toer binne oplutsen út in brunige hânfoarmbakstien en tinne snijde fuge fan wite kalkstienmortel. Yn de súdgevel binne fiif grutte rûnbuogfinsters pleatst. Yn elk fan beide ôfskuorde koarwanden is ek in rûnbuogfinsterset. De noardgevel hat dêrfoaroer mar ien rûnbuogfinsterset, al is der letter in lytser rûnbuogfinstertje oanbrocht om te soargjen foar ljochtynfal op de galerij en efter it oargel. Op it dak lizze blauwe, glazuere Aldhollânske pannen, dy't mooglik noch fan de âlde tsjerke komme. Op it koar is in smei-izeren nokbekroaning mei fjouwer S-foarmige fersierings pleatst. De fergulde wynwizer is foarsjoen fan de famyljewapens fan de famyljes Fockens, Van Teyens en Aebinga fan Humalda. De sa'n 16 meter hege toer hat in kroanlist mei op elke gevel in tympano-eftige fersiering mei op de ûnderbou fjouwer bolfoarmige hoekbekroanings. Op de achtkantige toerpylder befynt him in fergulde bol mei izeren krús mei dêrboppe-op in fergulde hoanne. Yn de tweintichste iuw waard de konsistoarjekeamer oanboud.
Ta it ynterieur hearre ûnder oare in bewurke santjinde-iuwske ikehouten renêssânseprekstoel en efterskot, ôfkomstich út de foarige tsjerke. Ek it doophek, koperen lêspultrum en de koperen kearsen-
kroan mei trije koperen earmen en twa ljochtearmen komme dêrút. De klok út 1793 is ek bewarre bleaun. It ienklaviers oargel is makke yn 1856 troch oargelbouwer L. van Dam en Soannen út Ljouwert en waard skonken troch baronesse Van Lynden fan Borcharen ta neitins oan har dochter Ypkjen Hillegonda. It kontrakt mei Van Dam is bewarre bleaun.
Yn 'e midden fan 'e tsjerke lizze twa hurdstiennen grêfsarken út 1614 en 1635. De sarkjes fan 'e âlde tsjerke binne lizzen bleaun en yntegrearre yn 'e flier fan 'e hjoeddeistige tsjerke, om't se de grêfkelder fan 'e famylje Fockens ôfdekke (neitiid erfd troch famylje Van Teyens fanwegen it útstjerren fan 'e famylje Fockens). De tsjerke wurdt omjûn troch in omheind tsjerkhôf. Oan 'e eastside fan 'e tsjerke leit it omheinde famyljegrêf fan 'e famylje Van Harinxma thoe Slooten. Oan 'e súdkant binne in pear santjinde-iuwske sarkjes en in mûnesark. Ek binne der ferskate grêven fan oare aadlike famyljes út Beetsterzwaag.
Yn 1967 is de tsjerke grutskalich renovearre. De njoggentjinde-iuwske banken waarden doe ferfongen troch olivegriene iepen banken en houten earmstuollen. It âlde doophek waard foar in part werpleatst en de grêfkelder fan de famyljes Fockens en Van Teyens waard restaurearre. De meast resinte restauraasje fûn plak yn 2001, wêrby't ûnder oare in nije ferwaarming pleatst is. De toer waard doe restaurearre troch gemeente Opsterlân, dy't neffens in Steatsregeling fan 1798, eigner fan de toer is.
De tsjerke wurdt njonken tsjinsten brûkt foar lêzingen, konserten, eksposysjes en is geregeld iepensteld foar publyk.