It tsjerkegebou De Paedwizer waard yn 1958 boud neidat it foarige tsjerkje troch brân ferwoaste wie. Yn 1979 waard de tsjerke fergrutte fan 120 nei 230 sitplakken. Dit diel hat in plat dak en is pleatst oan de linker- en efterkant fan it haadgebou. Yn 1997 waard it gebou op 'e nij útwreide mei in folslein nije tsjerkezaal oan de efterside. Dizze tsjerkezaal hat in heale-rûne gevelfoarm. Yn de oanbou sit in sydyngong. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Yn doarp oan trochgeande wei
  • Jiertal: 1958
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 644 m2
  • Denominaasje: Grifformeard frijmakke
  • Hjoeddeistige funksje: Religieus

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip 
Adres, postkoade’t Paed 1, 9249 NM
MonumintstatusGjin
Arsjitekt                T.J. Kooi, útwreiding troch De Vries
Boustyl               Utilitair
Fêste objekten en muorkunstGevelstien tichtby yngong
BegraafplakNee
TerrienUnregelmjittich perseel mei beheinde romte rûnom op hoeklokaasje yn it doarp binnen wenwyk.
Berikberens en parkeargelegenheidLeit oan de trochgeande wei. Goede berikberens en genôch parkearromte
Boarnen

www.reliwiki.nl

www.orgelsite.nl

paedwizerkerk.nl

Foto ynterieur: Michiel van ‘t Einde

It ferhaal fan De Paedwizer 

It tsjerkegebou De Paedwizer waard yn 1958 boud neidat it foarige tsjerkje troch brân ferwoaste wie. Yn 1979 waard de tsjerke fergrutte fan 120 nei 230 sitplakken. Dit diel hat in plat dak en is pleatst oan de linker- en efterkant fan it haadgebou. Yn 1997 waard it gebou op 'e nij útwreide mei in folslein nije tsjerkezaal oan de efterside. Dizze tsjerkezaal hat in heale-rûne gevelfoarm. Yn de oanbou sit in sydyngong. 

It tsjerkegebou is mitseljen mei giele bakstiennen. De foargevel hat yn 'e midden in doar en oan beide kanten dêrfan twa hege raampartijen. Boppe de doar de namme fan de tsjerke. Ek hat de foargevel trije fjouwerkante ruten en in klokkepyloan mei sealtek en wynfaan. It sealtek is bedutsen mei swarte pannen. Yn de linker sydgevel seis rjochthoekige ruten. De rjochtergevel hat in oanbou, dêr't de yngong sit. 

It ynterieur bestiet út losse stuollen en in ferhege poadium mei preekstoel. Boppe de preekstoel is in glês-yn-leadraam ferwurke yn de muorre. 

It oargel is boud yn 1886 troch de firma Wilkinson & Son foar in bûtenpleats yn it Ingelske Borrowdale, Cumberland. Yn 1908 krige it oargel in nije fentilator. Yn 1930 waard it oargel ferpleatst nei de Parochytsjerke yn Cockermouth, Cumbria. Hjir bleau it mear as 50 jier yn gebrûk, wêrnei't it kocht waard troch de hear Boersma út Renkum. Doe noch sûnder oargelkast en sûnder frontpipen. Sûnt 1988 stiet it oargel yn De Paedwizer. It oargel waard restaurearre en krige in nije kast. 

De Paedwizer wurdt brûkt foar tsjinsten en oare religieuze gearkomsten en aktiviteiten.

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.