15. De Wite Tsjerke
De Wite Tsjerke is in herfoarme tsjerke, lizzend op in ferhege omheind tsjerkhôf oan de trochgeande haadwei fan it doarp Hemrik. Yn âlde geskriften wurdt oanjûn dat op dizze lokaasje al yn 1315 in kapel stie. Yn 1739 waard de hjoeddeistige tsjerke boud op de fûneminten fan in oan Sint Andreas wijde midsieuske tsjerke.

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: Yn doarpkearn
- Jiertal: 1739
- Bouwtype: Trijezijich sletten sealtsjerke
- Oerflak: 177 m2
- Denominaasje: Nederlânsk Herfoarme
- Hjoeddeistige funksje: Kultureel maatskiplik
Skaaimerken fan de tsjerke
| Eigner | Stifting |
| Adres, postkoade | Binnenwei 22, 8409 JH |
| Monumintstatus | Ryksmonumint nûmer 31856 |
| Arsjitekt | Unbekend |
| Boustyl | Klassisisme |
Fêste objekten en muorkunst | Gevelstien mei tekst Hûs Gods en namme Lyclama út 1739. Tinkstien fallen Frânske piloat Arnaud de Saxcé. |
| Begraafplak | Ja |
| Terrien | Op it mei in beukehage omseame terrein is in klokkestoel oanwêzich. Bysûnder binne it tichtby lizzende famyljegrêf en de grêfkelder. |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Oan trochgeande wei yn kearn fan it doarp gelegen. Goede berikberheid en matige parkearmooglikheid. |
| Boarnen | www.orgelsite.nl |

It ferhaal fan De Wite Tsjerke
De Wite Tsjerke is in herfoarme tsjerke, lizzend op in ferhege omheind tsjerkhôf oan de trochgeande haadwei fan it doarp Hemrik. Yn âlde geskriften wurdt oanjûn dat op dizze lokaasje al yn 1315 in kapel stie. Yn 1739 waard de hjoeddeistige tsjerke boud op de fûneminten fan in oan Sint Andreas wijde midsieuske tsjerke. Wierskynlik is by de bou it muorrewurk fan de âlde tsjerke brûkt. De Wite Tsjerke is in trijesidich sletten sealtsjerke mei rûnbôgefinsters. It betreft in ienbeukich tsjerkegebou. De wite bepleistering is wierskynlik njoggentjinde-iuwsk. De wynwizer hat de foarm fan in hynder. Boppe de yngong is in ynmitselde gevelstien sichtber mei it opskrift Hûs Gods en de namme Lyclama. Njonken de yngong is in gevelstien sichtber ta neitins oan de yn 1945 fallen piloat Arnaud de Saxcé, waans fleantúch tichtby de Wite Tsjerke delstoarte. It gebou is in ryksmonumint.
De flier fan de hal bestiet út antike tegels. Ta it ynterieur heart in santjinde-iuwske preekstoel. It oargel is yn 1940 boud troch Bakker en Timmenga (Ljouwert), wêrby't âldere ûnderdielen brûkt binne dy't yn 1839 troch de Swolske oargelmakker J.C. Scheur makke binne. It oargel moat troch twa persoanen bespile wurde. It oargel is yn 2002 restaurearre.
Om de tsjerke hinne leit in begraafplak en dêr stiet in klokkestoel mei skylddak út 1739. De klok waard getten yn 1495 troch de reizgjende klokkejitter Geert van Wou. De klok waacht mar leafst 560 kg. en hat in trochsneed fan hast 100 sm. Njonken it begraafplak leit it famyljebegraafplak fan de famylje Van der Sluis en in byhearrende grêfkelder dy't yn 1860 boud is op inisjatyf fan Jan Alles fan
der Sluis. Der lizze 36 persoanen yn de grêfkelder. Njonken de grêfkelder leit in tinkplaat mei dêryn de famyljestambeam gravearre. Letter famyljeleden binne om de grêfkelder hinne begroeven.
By it gearfoegjen fan de Herfoarme gemeenten Lippenhuzen en Himrik besleat de nije gemeente ta ôfstjitting fan it tsjerkegebou. It doarp sette him yn foar it behâld fan it tsjerkegebou en rjochte dêrom Stichting Behoud Witte Kerk Hemrik op, dy't it tsjerkegebou yn 2000 foar it symboalyske bedrach fan in gûne kocht.
Yn de perioade april 2001 oant oktober 2002 waard sawol binnen- as bûtenkant grûnich restaurearre. It gebou krige dêrby syn orizjinele kleurstelling werom.
Sûnt de restauraasje yn 2002 fungearret De Wite Tsjerke as kultureel moetingsplak. Fan septimber oant april fine der wykliks konserten en foarstellings plak. Der wurdt in ferskaat oan kulturele aktiviteiten organisearre, wêrûnder lêzingen, konserten, teater en in filosofysk-literêr kafee. Yn de hjerst wurdt der in acht wiken duorjend keunstevenemint organisearre: ART Super. It gebou kin teffens hierd wurde troch koaren en oare muzykgeselskippen foar repetysjes en útfierings. Dêrneist is it in offisjele troulokaasje en is de lokaasje geskikt foar (famylje)feesten, gearkomsten en kursussen. Ek wurde der noch altyd tsjerketsjinsten, rouplechtichheden en besinningsgearkomsten hâlden. Sûnt 2021 is it ek mooglik om yn de tsjerke te oernachtsjen fia Stichting Heilige Nachten.