De grifformearde tsjerke fan Tynje is in sealtsjerke boud yn 1921. It wie de opfolger fan twa tsjerken út 1866 en 1901. It gebou is hielendal yn wapene beton útfierd en wie ien fan de earste tsjerken dy't op dizze wize boud is yn Nederlân. It gebou hat in eklektyske boustyl. Oannimmer Diepenbroek út Hearrenfean fierde de bou út. De tsjerke waard op 7 july 1921 ynwijd. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Oan trochgeande wei oan râne doarp
  • Jiertal: 1921
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 463 m2
  • Denominaasje: Grifformeard
  • Hjoeddeistige funksje: Religieus

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip
Adres, postkoadeRolbrûgedyk 6, 
MonumintstatusRyksmonumint nûmer 513182
Arsjitekt                G. Draaisma
Boustyl               Eklektysk
Fêste objekten en muorkunstGevelstien neist yngong
BegraafplakNee
TerrienFjouwerkant oant rjochthoekich perseel oan trochgeande wei. De helte fan it terrein bestiet út parkearterrein. Oan de foarkant skermje guon beammen de tsjerke ôf fan de iepenbiere wei. 
Berikberens en parkeargelegenheidOan de râne fan it doarp lein. Goed berikber en romme parkearromte direkt neist it gebou.
Boarnen

Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed

www.reliwiki.nl

https://nl.wikipedia.org/wiki/Gereformeerde_kerk_(Tijnje)

Webstee Protestantske gemeente Tynje

Wikimedia: ôfbylding ynterieur troch Romke Hoekstra

It ferhaal fan de Grifformearde tsjerke

De grifformearde tsjerke fan Tynje is in sealtsjerke boud yn 1921. It wie de opfolger fan twa tsjerken út 1866 en 1901. It gebou is hielendal yn wapene beton útfierd en wie ien fan de earste tsjerken dy't op dizze wize boud is yn Nederlân. It gebou hat in eklektyske boustyl. Oannimmer Diepenbroek út Hearrenfean fierde de bou út. De tsjerke waard op 7 july 1921 ynwijd. 

It grûnplan fan de tsjerke is rjochthoekich. Lytsere oanbouwen mei de haadyngong en de konsistoarjekeamer binne tafoege oan de foar- en eftergevel. It sealtek is bedutsen mei swarte dakpannen. 

De tsjerkezaal is fjouwer raamfakken djip, yndield troch lizenen mei imitaasje rustika beklaaiïng. Op de hoeken fan haad- en oanbouwen ek lizenen en in brede goatlûk as gevelôfsluting. It foarportaal tsjin de foargevel hat in sealtek mei swarte dakpannen. Yn de foargevel in dûbele tagongsdoar fan hout mei smei-izeren sierbeslach yn in rûnbôge-iepening. Yn de koarte sydgevels fan it foarportaal sitte lytse fertikale finsters. In klimmende gevellûk slút it foarportaal ôf. 

De foargevel wurdt yndield troch in smelle list en troch in klimmende gevellûk ôfsletten. Oan beide kanten fan it portaal binne healrûne twaljochtsfinsters mei glês-yn-lead te sjen. Yn de geveltop twa inkelfâldige bôgefinsters en yn it midden in gearstald bôgefinster mei radfinster. In imitaasjestrekbôge mei skynfugen yn it beton slute de finsters ôf. Beide sydgevels hawwe elk fjouwer gearstalde rûnbôgefinsters besteande út in twaljochtsrûnbôge mei radfinster. Alle finsters hawwe glês-yn-lead ramen. 

Oan de eastkant is in tsjerkeriedskeamer mei plat dak boud. De geveltop oan de efterside hat in trijeljochtsfinster yn rûnbôgefoarm en klimmende gevellûk. Yn 1992 waard de iepenbrutsen súdkant fan de konsistoarje ferbûn mei in gong en tsjerklokaal. Dit diel falt bûten de ryksmonumintestatus. 

It ynterieur fan de tsjerke is noch oarspronklik. In hing- en skoarwurk mei izeren stangen oerspant de tsjerkezaal. It foarportaal en de foartsjerke hawwe in granitoflier. Der steane trije blokken banken, de bûtenste dêrfan draaie wat nei it midden ta. Oan de eastside is in poadium mei preekstoel mei opgong en dêrboppe de oargelgalerij. Oan de súdkant fan de preekstoel stiet in sletten tsjerkeriedsbank. De doaromlistingen dêrfan binne noch autentyk. 

It piipoargel waard ôfbrutsen yn 1976. Herstel fan it ûnbespylber wurden oargel wie te kostber. It oargelfront is noch wol oanwêzich. Der wurdt in elektrysk Johannes Sweelinck 20 oargel brûkt.

De tsjerke wurdt brûkt foar tsjerklike doelen. Der wurde wykliks tsjinsten hâlden troch de Protestantske gemeente Tynje-Terwispel.

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.