16. (Fm.) Grifformearde tsjerke

De eardere grifformearde tsjerke fan Himrik is in lytse ienfâldich útfierde sealtsjerke optrokken út reade bakstien. It tsjerkje leit bûten de beboude kom oan de trochgeande wei en is boud yn 1924. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Bûten de beboude kom
  • Jiertal: 1924
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 146 m2
  • Denominaasje: Grifformeard
  • Hjoeddeistige funksje: Soarch-/deibesteging

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip
Adres, postkoadeBinnenwei 8, 8409 JG
MonumintstatusGjin
Arsjitekt                Unbekend
Boustyl               Jierren '30 styl/Tradysjonalisme
Fêste objekten en muorkunstNet oanwêzich
BegraafplakNee
TerrienFiifhoekich perseel. Foar de helte ta parkearplak makke. Oar diel grien. Kastanjebeam op it terrein. Erfôfskieding foarme troch in hage. 
Berikberens en parkeargelegenheidMinne berikberens mei it iepenbier ferfier. Bûten de beboude kom oan in trochgeande wei. Der binne parkearplakken foar maksimaal 20 auto's op it perseel oanwêzich. 
Boarnen

Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed

Facebookside Deibesteging Atelier De Weefplak

www.orgelsite.nl

www.reliwiki.nl

It ferhaal fan De Grifformearde tsjerke

De eardere grifformearde tsjerke fan Himrik is in lytse ienfâldich útfierde sealtsjerke, oplutsen út reade bakstien. It tsjerkje leit bûten de beboude kom oan de trochgeande wei en is boud yn 1924. De foargevel hat twa rûnbôgefinsters mei roedferdieling en in dûbele doar dy't as yngong tsjinnet. Boppe dizze doar is in latei oanbrocht en in segmintbôge mei in eklektysk mitselferbân. Wat dêrboppe is in rûn finster oanbrocht mei in stjerfoarmige roedferdieling. 

De sydmuorren hawwe elk trije rûnbôgefinsters mei roedferdieling. Oan de rjochterkant is in lytse útbou realisearre, dy't in diel fan de bûtenmuorre bedekt en trochrint nei efteren ta, wêrtroch't it gebou ferlinge wurdt. Hjiryn is ek in tagongsdoar makke. Efter dizze útbou is in serre boud.

De lytse wynwizer boppe-op de foargevel bestiet út in smei-izeren bolsierwurk mei dêrboppe in krús. It dak is bedekt mei swarte betonnen sneldekkers.

It ynterieur hat in tonferwulf. Der binne trekstangen tusken de muorren oanbrocht. De houten balustrade dêr't it oargel op stiet, is noch oanwêzich. Ek it oargel sels is noch oanwêzich en bespielber. De firma Bakker en Timmenga út Ljouwert boude it oargel, in meganysk sleepkist-oargel, allinnich is it boujier net bekend. De tsjerkebanken binne fuorthelle. De ferljochting bestiet út molkglêzen bollen. De tsjerke hat in flier dy't bestiet út houten planken. 

It terrein wie desennia lang sirkelfoarmich en mei in hage omjûn. Ein jierren '90 fan de tweintichste iuw is it terrein oanpast en is der in parkearterrein oanlein. Fan it sirkelfoarmige terrein is allinnich de hage oan de efterkant noch in restant. 

Yn 2011 is de tsjerke sletten en waarden der gjin tsjinsten mear hâlden. It gebou docht sûnt 2015 tsjinst as atelier en ambachtlike tekstylwurkstee foar minsken mei in beheining en hat as bestimming ‘soarch’.  

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.