29. De Libbensboarne
Op it plak dêr’t no de Levensbron stiet, hawwe earder twa oare tsjerkegebouwen stien. It earste tsjerkegebou waard boud yn 1861 en ferfongen troch in twadde gebou yn 1907. It hjoeddeistige tsjerkegebou waard realisearre yn 1975. De pastorije dy’t by de foargonger(s) hearde is noch oanwêzich.

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: Bûten de beboude kom
- Jiertal: 1975
- Boutype: Sealtsjerke
- Oerflak: 1268 m2
- Denominaasje: Grifformeard frijmakke
- Hjoeddeistige funksje: Religieus
Skaaimerken fan de tsjerke
| Eigner | Tsjerkegenoatskip |
| Adres, postkoade | De Feart 85, 9247 CL |
| Monumintstatus | Nee |
| Arsjitekt | Unbekend |
| Boustyl | Neioarlochsk |
| Fêste objekten en muorkunst | Unbekend |
| Begraafplak | Nee |
| Terrien | Rjochthoekich perseel lizzend oan de trochgeande wei. Boppedat in grut parkearterrein oan de efterside. |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Genôch parkearmooglikheid, rom parkearterrein oan de efterside fanôf Lipomwyk. Berikberheid is ridlik, oan in trochgeande haadwei bûten it doarp. |
| Boarnen |

It ferhaal fan De Levensbron
Op it plak dêr’t no de Levensbron stiet, hawwe earder twa oare tsjerkegebouwen stien. It earste tsjerkegebou waard boud yn 1861 en ferfongen troch in twadde gebou yn 1907. It hjoeddeistige tsjerkegebou waard realisearre yn 1975. De pastorije dy’t by de foargonger(s) hearde is noch oanwêzich.
It tsjerkegebou is wat oerflak oanbelanget it grutste tsjerkegebou yn gemeente Opsterland. De sealtsjerke, boud mei brúnreade bakstien, hat in foargevel mei streken sierwurk. Yn de foargevel binne trije fjouwerkante finsters oanbrocht. Ek is it logo fan de tsjerke op dizze gevel befêstige. De westgevel hat in fjouwertal rjochthoekige finsters. Oan de efterkant in ‘toer’ en in oanbou mei ferskate finsters. It sealtek fan it haadgebou en de efterste oanbouwen binne bedutsen mei swarte betonnen dakpannen. Op de platte dakken fan it gehiel binne sinnepanielen ynstallearre.
Oan de eastgevel is in útwreiding mei plat dak realisearre. De gevel dy't yn it ferlingde fan de foargevel fan it haadgebou leit, hat in diel mei ferskate finsterpartijen en glêzen doarren en in diel mitselde muorre mei yn 'e midden in rûn finster. De eastgevel fan de oanbou hat ek in grutte glêzen finsterpartij. Hjir is in ôfdak makke mei dêrûnder de yngong. In blauwe doar mei in finsterpartij foarmje de yngong.
Dit ûntwerp hat de tsjerke lykwols net altyd hân. Doe't it boud waard yn 1975 lei de yngong direkt neist de haadseal. Ek wie de yngong in stik lytser. Yn de twadde helte fan 1993 binne der efter it gebou trije sealen boud. Ek waard der in ûntspanningsseal foar jongerein en in tsjerkeriedskeamer oan it gehiel tafoege.
Yn 2008 is it hiele gebou restaurearre. De tsjerkezaal waard fernijd en ek de bygebouwen c.q. nevenromten krigen grut ûnderhâld. Yn desimber 2008 waard de tsjerke op 'e nij yn gebrûk nommen.
It haadgebou en de oanbou foarmje tegearre in grutte seal. It ynterieur hat foar in part wite wanden en foar in part bakstien. De binnenmuorre fan de foargevel is ek fan bakstien. It plafond fan it haadgebou bestiet út in wyt tonferwulf mei trekstangen dy't de seal oerspanne. It plafond fan de oanbou is ferlege. De tsjerkezaal is fol mei losse stuollen, der binne gjin banken oanwêzich. De finsterpartijen soargje foar romme ljochtynfal yn it efterste diel fan de seal.
It oargel waard yn 1979 boud troch de Utertske oargelmakker Van Vulpen. It ferfong in âlder oargel út 1913. Oargel en preekdiel op in ferhege poadium.
It tsjerkegebou wurdt benammen brûkt foar tsjinsten. Der rint sûnt koart in proef om de gearkomsteseal beskikber te stellen oan ekstern as gearkomstromte.