Langezwaag hie al in kapel yn 1315. Dizze kapel wie oarspronklik wijd oan Sint Mattéus. It lytse midsiuwske tsjerke dat dêr doe stie hie gjin toer. Yn 'e achttjinde iuw wie Langezwaag it rykste doarp fan Opsterlân, en de midsiuwske tsjerke stie yn skril kontrast mei de moaie huzen yn it doarp. Yn 1781 waard besletten om de âlde tsjerke te slopen en te ferfangen troch in nij tsjerkegebou. De Mattheüstsjerke is in ienfâldich ûntwurpen tsjerkegebou út 1781-1782. In tsjerkhôf omfiemet de tsjerke. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Yn doarpkearn
  • Jiertal: 1781-1782
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 212 m2
  • Denominaasje: Protestantsk
  • Hjoeddeistige funksje: Religieus

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip
Adres, postkoade’t Hou 9, 8404 GH
MonumintstatusRyksmonumint nûmer 31858
Arsjitekt                Unbekend
Boustyl               Neoklassisistysk / eklektysk
Fêste objekten en muorkunstYnmitsele grêfsarken út santjinde en achttjinde iuw. 
BegraafplakJa
TerrienOvaal terrein foar in part omheind mei beukehage. Twadde sirkelfoarmich terrein mei romte foar grêven oansletten op it terrein dêr't de tsjerke op stiet. 
Berikberens en parkeargelegenheidSintraal yn it doarp lein, goed berikber. Beheinde parkearmooglikheden direkt om it tsjerkegebou hinne.
Boarnen

Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed

Dokumintaasje Tsjerkfâdij Herf. Gemeente Langezwaach.

S. ten Hoeve, Fryske preekstuollen (Ljouwert 1980).

T.E. van Popta, Langezwaach, de Herfoarme Tsjerke yn: Beeldschrift 1999.

It ferhaal fan 'e Sint-Mattéustsjerke

Langezwaag hie al in kapel yn 1315. Dizze kapel wie oarspronklik wijd oan Sint Mattéus. It lytse midsiuwske tsjerke dat dêr doe stie hie gjin toer. Yn 'e achttjinde iuw wie Langezwaag it rykste doarp fan Opsterlân, en de midsiuwske tsjerke stie yn skril kontrast mei de moaie huzen yn it doarp. Yn 1781 waard besletten om de âlde tsjerke te slopen en te ferfangen troch in nij tsjerkegebou. De Mattheüstsjerke is in ienfâldich ûntwurpen tsjerkegebou út 1781-1782. In tsjerkhôf omfiemet de tsjerke. 

De ienbeukige sealtsjerke mei trijesidige koarsluting hat oan de noard- en súdkant trije rûnbaogfinsters. Yn it muerwurk tusken de finsters binne lisenen útsparre. De tsjerke hat in ûndielde fjouwerkante toer mei achtkantige spits dy't goeddiels yn it skip opnommen is. Boppe-oan yn de toer binne oan alle fjouwer siden twa galmgatten oanbrocht. 

It toerklokwurk út 1923 is meganysk, makke troch Van Bergen út Midwolda (nr. 1236). De tsjerke hie oant 1943 twa liedklokken út 1763 fan Pieter Seest út Amsterdam, dy't troch de Dútske besetter yn beslach nommen binne. Yn 1948 krige de toer in nije klok dy't getten wie troch firma Eijsbouts yn Asten. 

De wizerplaten fan it oerwurk binne net op de toerwand fêstmakke, mar iepen op it fjouwerkant konstruearre. De wynfaan op de toer ferbyldet in hynder. Ek op it eastlike útein fan de nok fan it dak stiet in wynfaan dy't in hoanne ôfbyldet. De tsjerke is oan de súd- en eastkant ferfraaid mei in brede listgoate. Oan de noardkant ûntbrekt dizze: hjir is in ienfâldige goate sûnder list oanbrocht. 

De tsjerke krige yn 1782 brânskildere ramen, mar dizze binne yn de rin fan de tiid ferlern gien. 

De tsjerke is restaurearre yn 1927, 1960 en 1992-1993, wêrby't benammen it ynterieur oanpast waard. Yn 1927 waarden op it tonferwulft kleurde banen skildere. Der waarden nije doarren makke en it timmer- en skilderwurk waard restaurearre. Under de houten flier waarden in pear grêfsarken fûn yn in oare âldere flier, dy't noch hearde ta de foargonger fan de hjoeddeistige tsjerke. Dizze grêfsarken, ôfkomstich út de santjinde en achttjinde iuw, waarden rjochtop tsjin de binnenmuorren en yn it portaal pleatst. Ek waarden der glês-yn-lead ramen oanbrocht. 

Yn 1960 waard der op 'e nij in restauraasje útfierd. De oarspronklike banken waarden ferfongen troch de hjoeddeistige tsjerkeriedsbanken en stuollen. De preekstoel mei efterskot en klankboerd bleau bewarre en is it iennige wat noch oerbleaun is út de tiid dat de tsjerke boud waard. De preekstoel is ryk fersierd mei houtsnijwurk, útfierd troch Jacob Zwaluw út Ljouwert. De trije allegoryske frouljusfigueren symbolisearje hope, leauwe en leafde. Mooglik wiist de frouljusfiguer mei de wet op it Alde Testamint en de figuer mei de hoekstien en it boek op it Nije Testamint. Op de hoekstilen steane ek in grut tal ôfbyldings: in sikkel, skop, nôtieren, in medaillon mei hynder, pylken, fûgels, in net en fisken en in medaillon mei sinne. De achttjinde-iuwske lêzer hat in stipe yn de foarm fan in earn. De trep hat iepenwurk ballusters en is yn Loadewyk XVI-styl makke.  

De oargelkast en it front binne fan H. Knipscheer út 1866. Knipscheer brûkte in âld fjouwerfuots-front dat oan wjerskanten útwreide waard. It hjoeddeistige oargel is boud troch Bakker en Timmenga yn 1901 en hearde oant 1993 ta de grifformearde tsjerke fan Gaast. Yn 1993 is it oerpleatst nei Langezwaag.

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.