De achttjinde-iuwske Mariatsjerke is in ienfâldich útfierde sealtsjerke mei in trijesidich sletten koar, oplutsen út bakstien en âlde kleastermoppen, dy't nei alle gedachten ôfkomstich binne fan de midsiuwske katolike Mariakapel dy't op dit plak stie. De tsjerke hat acht, fan boppen bôgefoarmich ôfsletten finsters, dy't elk yn in eigen muorflak steane. Elk muorflak wurdt skieden troch lisenen. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Bûten beboude kom
  • Jiertal: 1797
  • Bouwtype: Trijezijich sletten sealtsjerke
  • Oerflak: 133 m2
  • Denominaasje: Nederlânsk herfoarme
  • Hjoeddeistige funksje: Kultureel maatskiplik

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerStifting Alde Fryske Tsjerken
Adres, postkoadeDe Leijen 29, 8401 AX
MonumintstatusRyksmonumint nûmer 31852
Arsjitekt                Unbekend
Boustyl               Eklektysk mei eleminten neorenêssânse

Fêste objekten en muorkunst

Net oanwêzich

BegraafplakJa
TerrienRjochthoekich omheind terrein oan in dearinnende wei, foar in part omjûn troch in beukehage. De tsjerke stiet op in lytse ferheging en is omjûn troch in moai tsjerkhôf.
Berikberens en parkeargelegenheidBûten beboude kom oan 'e ein fan in dearinnende wei. Mei eigen ferfier goede berikberheid en genôch parkearmooglikheid.
Boarnen

www.reiliwiki.nl

Stifting Alde Fryske Tsjerken

www.gorredijk-historie.nl

Frysk Fotoargyf

It ferhaal fan de Mariatsjerke

De achttjinde-iuwske Mariatsjerke is in ienfâldich útfierde sealtsjerke mei in trijesidich sletten koar, oplutsen út bakstien en âlde kleastermoppen, dy't nei alle gedachten ôfkomstich binne fan de midsiuwske katolike Mariakapel dy't op dit plak stie. De tsjerke hat acht, fan boppen bôgefoarmich ôfsletten finsters, dy't elk yn in eigen muorflak steane. Elk muorflak wurdt skieden troch lisenen. 

Oant it ein fan de njoggentjinde iuw stie der in klokkestoel mei twa liedklokken op it terrein. Yn 1880 waard it plan opfetten om de tichtby lizzende klokkestoel te ferfangen troch in toer of dakruter. Yn 1896 waard de oanbesteging foar de bou fan in toer dien en waard de tsjerke grutskalich ferboud. Om de kosten te dragen waard ien fan de twa liedklokken ferkocht. Fierder waard der jild ynlizze troch de tsjerkfâdij en waard der subsydzje ferstrekt troch gemeente Opsterlân. De westgevel krige yn 1896 in rûnbôgige yngongspoarte yn renêssânsestyl. Boppe-op de westgevel waard in houten dakruter pleatst, mei galmgatten oan trije siden, wêryn't de midsiuwske klok wer ophongen waard. De tsjerke krige in nije dakbedekking besteande út Lucas IJsbrandspannen. De hjoeddeistige klok yn de dakruter is makke yn 1947.

It ynterieur is sober. De houten flier is ljochtblau ferve. It plafond bestiet út in beige houten tonferwulft. De preekstoel komt nei alle gedachten út de santjinde iuw. Op de fjilden dêrfan binne rûnbôgefersierings oanbrocht. Guon ûnderdielen fan de preekstoel binne fan lettere datum, lykas de gettenizeren leuning, dy't makke is yn 1896. Under de preekstoel leit in sarkofaachdeksel fan read sânstien mei fiif wijdingskrúsen, dat ek fungearre hat as dekstien foar in alter.

Ek herberget de tsjerke in pear banken en twa hearebanken út nei alle gedachten it ein fan de achttjinde iuw. De gewoane banken krigen nije wangen yn 1896 yn let njoggentjinde-iuwske foarmjouwing. 

Yn 1896 waard der ek in nije westwand yn de muorre realisearre, wêrby't de âlde kraak en efterwand nei alle gedachten bewarre bleaunen. De nije dakruter waard dwers troch it dak boud. De ûnderkant rêst op twa gettenizeren pylders mei Korintyske kapitelen. Der waard in oargelkraak makke mei twa lytsere gettenizeren pylders, dêr't in harmonium op pleatst waard. It harmonium, datearjend út 1896, waard boud troch de Amerikaanske firma J. Estey & Co út Vermont.

De tsjerke is yn july 1977 oerdroegen oan Stichting Alde Fryske Tsjerken, nei't it bûten gebrûk rekke wie troch de fúzje fan de Herfoarme gemeente Koartehimmen en Gordyk. 

Yn 1981 en 2009/2010 is de dakruter restaurearre. Yn 1981 krige de toer de orizjinele kleuren út 1896 werom, basearre op in bestek út in sketsboek fan skilder Jan Ringenoldus. Ek waard de orizjinele wynfaan, in hoanne, wer op de toer pleatst. It skip en it dak waarden yn 2009 fernijd. Yn de foartsjerke binne in toilet en keuken oanbrocht, en der is sintrale ferwaarming oanlein. 

It tsjerkje wurdt in pear kear yn 't jier brûkt foar trou- en roustsjinsten. Ek wurdt it gebou brûkt foar preken fan lekenprekers, foar muzykútfieringen en as repetysjeromte foar koaren. De Mariatsjerke is elts jier iepen foar publyk yn it ramt fan Tsjerkepaad. 

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.