De herfoarme tsjerke fan Terwispel is in karakteristike doarpstsjerke mei in redusearre toerlichem, boud yn 1864. Op itselde plak stie earst in tsjerke út nei alle gedachten de fjirtjinde iuw, dy't in jier earder troch in desimberstoarm omwaaid waard. Oars wie dit net de earste tsjerke dy't Terwispel hie. Om 1100 hinne stie der al in tsjerke op wat no krusing Alde Dyk en Mouwewei is, dy't neffens oerlevering troch bliksemynslach ferwoaste waard. Dizze lokaasje stiet no noch bekend as ûnwaarskamp. Under de ôfbraak fan de midsiuwske tsjerke op de hjoeddeistige lokaasje waard der ûnder de flier in byldsje fan Sinte Barbara fûn, beskermhillige fan ûnwaar en bliksem, mooglik ferwizend nei de midsiuwske tsjerke op de âlde lokaasje.  

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Oan trochgeande wei bûten doarp
  • Jiertal: 1864
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 237 m2
  • Denominaasje: Protestantsk
  • Hjoeddeistige funksje: Wenje

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip
Adres, postkoadeDe Streek 25, 8407 EE
MonumintstatusRyksmonumintnûmer 513159 
Arsjitekt                Unbekend
Boustyl               Neoklassisisme mei eleminten wetterskipsstyl
Fêste objekten en muorkunstStiftingsstien út 1864 mei nammen oprjochters.
BegraafplakJa
TerrienFjouwerkant perseel omjûn troch beukehage, útsein oan de noardkant dêr't in koniferehage de skieding fan it oarspronklike diel mei it nije diel fan it tsjerkhôf markearret. 
Berikberens en parkeargelegenheidBeheinde parkearmooglikheid. Berikberens is reedlik, oan in trochgeande haadwei binnen it doarp
Boarnen

Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed

www.reliwiki.nl

SA-media

www.monumenten.nl

It ferhaal fan de Herfoarme tsjerke

De herfoarme tsjerke fan Terwispel is in karakteristike doarpstsjerke mei in redusearre toerlichem, boud yn 1864. Op itselde plak stie earst in tsjerke út nei alle gedachten de fjirtjinde iuw, dy't in jier earder troch in desimberstoarm omwaaid waard. Oars wie dit net de earste tsjerke dy't Terwispel hie. Om 1100 hinne stie der al in tsjerke op wat no krusing Alde Dyk en Mouwewei is, dy't neffens oerlevering troch bliksemynslach ferwoaste waard. Dizze lokaasje stiet no noch bekend as ûnwaarskamp. Under de ôfbraak fan de midsiuwske tsjerke op de hjoeddeistige lokaasje waard der ûnder de flier in byldsje fan Sinte Barbara fûn, beskermhillige fan ûnwaar en bliksem, mooglik ferwizend nei de midsiuwske tsjerke op de âlde lokaasje.

De hjoeddeistige tsjerke is in sealtsjerke besteande út fjouwer traveeën mei trijesidige koarsluting, optrokken yn brune bakstiennen. It opgeande muorrewurk wurdt lid troch lisenen en in gevelrâne. Yn de sparfjilden binne houten rûnbuogfinsters mei radiale roedferdieling en kleurd glês pleatst. It sealdak is bedutsen mei swart glazuerde golvende Fryske pannen. De koarsluting is fersierd mei in smei-izeren ornamint en in hûn as wynfaan. De ynsletten risalearjende toer bestiet út trije boulagen mei hoeklisenen. De twadde boulaach hat in rûnbuogfinsters mei ien fan de twa wizerplaten oan de toer. Op de boppeste boulaach fan de toer is de klokkestoel mei oan alle fjouwer kanten dûbele galmgatten. De toer wurdt ôfsletten troch in houten gevelrâne. De achtsidige ynsnoerde spits is belein mei leien yn Ryndekking. Boppe-op de spits in toerrekrus yn de foarm fan in appel en waarhoanne. De oare siden fan de toer dy't boppe de dakskylden útstekke binne ûnlied. Oan wjerskanten fan de toer is de oankapping it skip fan de tsjerke. 

De koarte westlike gevelwanden hawwe ek twa rûnbuogfinsters, wêrfan dy oan de noardkant noch it oarspronklike izeren harnas hat. De weromleine tagongsdoar oan de westkant is krekt as de rûnbuogramen ûnder streekse rûnbuogomlisting. Boppe de tagongsdoar in tinkstien mei opskrift ferwizend nei de earstesteenlizzen op 11 juny 1864. De súdkant fan it skip hat ek in tagong mei natuerstiennen slút- en oansetstiennen en in plint is de westlike travee. Yn de oare traveeën binne houten rûnbuogfinsters mei kleurd glês pleatst. De meast eastlike muorre is blyn. Oan de noardkant fan it skip binne ek trije rûnbuogfinsters te sjen. 

It ynterieur is noch foar in grut part oarspronklik. De flier is fan hout, de wanden en it tonferwulf binne stukt. De wand wurdt ôfsletten troch in fries tusken de profyllisten en per travee lid troch konsolepearen, dy't oerienkomme mei de trekstangen. Lâns de wanden is in houten lambrisearring oanbrocht mei dêroan de tsjerkebanken befêstige. De bankwangen oan it middenpaad hawwe izeren rozetten. It doophek is pleatst oan de eastkant, tsjin de eastlike wand in dooptún mei dêryn de preekstoel en tsjerkeriedsbanken. Alle meubilêr, útsein de preekstoel, hat in imitaasjeskildering. De santjinde-iuwske preekstoel hat in fiifsidige kûp mei op elke hoeke in Doaryske pilaster tusken de rûnbuogpanielen, in trep mei izeren spilen, in luifelfoarmich klankboerd oan in stange mei op de list snijde en beskildere blomfersieringen en in bekroaning fan getten izer. It twaklaviersoargel mei haadwurk en boppewurk is makke yn 1878 troch L. van Dam en Soannen út Ljouwert. 

De tsjerke is yn gebrûk foar religieuze doelen en docht mei oan Tsjerkepaad.

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.