It tsjerkegebou oan de Taeijewyk waard boud as opfolger fan de Rehobothtsjerke oan de Van Akenwei. Oer it tsjerkegebou is net folle ynformaasje beskikber.

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Oan de râne fan it doarp
  • Jiertal: 1970
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 518 m2
  • Denominaasje: Kristlik Grifformeard (CGK)
  • Hjoeddeistige funksje: Religieus (CGK)

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip
Adres, postkoadeTaeijewyk 1a, 9248 KW
MonumintstatusNee
Arsjitekt                Unbekend
Boustyl               Modernisme
Fêste objekten en muorkunstUnbekend
BegraafplakNee
TerrienDjip rjochthoekich perseel mei parkearromte oan de efterkant.
Berikberens en parkeargelegenheidOan de râne fan it doarp, dochs ridlik goed berikber. Genôch parkearplakken op eigen terrein. 
Boarnen

www.reliwiki.nl

Foto ynterieur: Michiel van ‘t Einde

gcksiegerswoude.nl

www.orgelsite.nl

It ferhaal fan Elim

It tsjerkegebou oan de Taeijewyk waard boud as opfolger fan de Rehobothtsjerke oan de Van Akenwei. Oer it tsjerkegebou is net folle ynformaasje beskikber.

It gebou is in yn moderne styl útfierde tsjerke makke fan giele bakstiennen. It sealtek fan it haadgebou is bedutsen mei swarte glazuere dakpannen. Oan de westlike sydgevel is in klokkepyloan boud mei in iepen struktuer, mei oan de binnenkant in smei-izeren konstruksje. Hjiryn is ek de yngong makke. De súdgevel is ticht en hjir stiet de namme fan de tsjerke op. Beide sydgevels hawwe ferskate raampartijen. Oan de efterkant is in bygebou boud mei in yngong en raampartijen. Dit diel hat in plat dak.

It ynterieur is sober en bestiet út houten banken en in houten plafond mei molkglêzen bolferljochting. It oargel mei neogotyske oargelkast waard om 1895 hinne boud foar de kapel fan it Sint Antoniusgesticht yn Amsterdam. Dêrnei stie it oargel yn de Goedfreedskapel yn De Haach en dêrnei yn de Pauluskerk, ek yn De Haach. Sûnt 1960 stie it oargel yn de Elim tsjerke. Yntusken wurdt der gebrûk makke fan in elektroanysk Monarke oargel (sûnt 2010), de lûdsprekkers sitte yn de oargelkast. 

Yn de rin fan 2015 waard it gebou restaurearre en wie it in pear moannen bûten gebrûk. Yn de tsjerkezaal waard flierferwaarming ynstallearre en it dak waard foarsjoen fan nije isolaasje en nije dakpannen. Ek waard der in needútgong makke. Yn novimber 2015 waard de tsjerke op 'e nij yn gebrûk nommen. It tsjerkegebou wurdt brûkt foar tsjerketsjinsten en religieuze aktiviteiten. 

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.