17. Mattéustsjerke
Langezwaach hie al yn 1315 in kapel. Dizze kapel wie oarspronklik wijd oan de Hillige Matteus. It midsiuwske tsjerkje dat der doe stie hie gjin toer. Yn de achttjinde iuw wie Langezwaach it rykste doarp fan Opsterlân, en de midsiuwske tsjerke stuts skril ôf by de moaie wenten yn it doarp. Yn 1781 waard besletten de âlde tsjerke ôf te brekken en te ferfangen troch in nij tsjerkegebou. De Matteustsjerke is in ienfâldich útfierd tsjerkegebou út 1781-1782. Rûnom de tsjerke leit in tsjerkhôf.

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: Yn doarpkearn
- Jiertal: 1781-1782
- Boutype: Sealtsjerke
- Oerflak: 212 m2
- Denominaasje: Protestantsk
- Hjoeddeistige funksje: Religieus
Skaaimerken fan de tsjerke
| Eigner | Tsjerkegenoatskip |
| Adres, postkoade | ’t Hou 9, 8404 GH |
| Monumintstatus | Ryksmonumint nûmer 31858 |
| Arsjitekt | Unbekend |
| Boustyl | Neoklassisistysk / eklektysk |
| Fêste objekten en muorkunst | Ynmitsele grêfsarken út santjinde en achttjinde iuw. |
| Begraafplak | Ja |
| Terrien | Ovaal terrein foar in part omheind mei beukehage. Twadde sirkelfoarmich terrein mei romte foar grêven oansletten op it terrein dêr't de tsjerke op stiet. |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Sintraal yn it doarp lein, goed berikber. Beheinde parkearmooglikheden direkt om it tsjerkegebou hinne. |
| Boarnen | Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed Dokumintaasje Tsjerkfâdij Herf. Gemeente Langezwaach. S. ten Hoeve, Fryske preekstuollen (Ljouwert 1980). T.E. van Popta, Langezwaach, de Herfoarme Tsjerke yn: Beeldschrift 1999. |

It ferhaal fan de Matteustsjerke
Langezwaach hie al yn 1315 in kapel. Dizze kapel wie oarspronklik wijd oan de Hillige Matteus. It midsiuwske tsjerkje dat der doe stie hie gjin toer. Yn de achttjinde iuw wie Langezwaach it rykste doarp fan Opsterlân, en de midsiuwske tsjerke stuts skril ôf by de moaie wenten yn it doarp. Yn 1781 waard besletten de âlde tsjerke ôf te brekken en te ferfangen troch in nij tsjerkegebou. De Matteustsjerke is in ienfâldich útfierd tsjerkegebou út 1781-1782. Rûnom de tsjerke leit in tsjerkhôf.
De ienbeukige sealtsjerke mei trijesidige koarsluting hat oan de noard- en súdkant trije rûnbaogfinsters. Yn it muerwurk tusken de finsters binne lisenen útsparre. De tsjerke hat in ûndielde fjouwerkante toer mei achtkantige spits dy't goeddiels yn it skip opnommen is. Boppe-oan yn de toer binne oan alle fjouwer siden twa galmgatten oanbrocht.
It toerklokwurk út 1923 is meganysk, makke troch Van Bergen út Midwolda (nr. 1236). De tsjerke hie oant 1943 twa liedklokken út 1763 fan Pieter Seest út Amsterdam, dy't troch de Dútske besetter yn beslach nommen binne. Yn 1948 krige de toer in nije klok dy't getten wie troch firma Eijsbouts yn Asten.
De wizerplaten fan it oerwurk binne net op de toerwand fêstmakke, mar iepen op it fjouwerkant konstruearre. De wynfaan op de toer ferbyldet in hynder. Ek op it eastlike útein fan de nok fan it dak stiet in wynfaan dy't in hoanne ôfbyldet. De tsjerke is oan de súd- en eastkant ferfraaid mei in brede listgoate. Oan de noardkant ûntbrekt dizze: hjir is in ienfâldige goate sûnder list oanbrocht.
De tsjerke krige yn 1782 brânskildere ramen, mar dizze binne yn de rin fan de tiid ferlern gien.
De tsjerke is restaurearre yn 1927, 1960 en 1992-1993, wêrby't benammen it ynterieur oanpast waard. Yn 1927 waarden op it tonferwulft kleurde banen skildere. Der waarden nije doarren makke en it timmer- en skilderwurk waard restaurearre. Under de houten flier waarden in pear grêfsarken fûn yn in oare âldere flier, dy't noch hearde ta de foargonger fan de hjoeddeistige tsjerke. Dizze grêfsarken, ôfkomstich út de santjinde en achttjinde iuw, waarden rjochtop tsjin de binnenmuorren en yn it portaal pleatst. Ek waarden der glês-yn-lead ramen oanbrocht.
Yn 1960 waard der op 'e nij in restauraasje útfierd. De oarspronklike banken waarden ferfongen troch de hjoeddeistige tsjerkeriedsbanken en stuollen. De preekstoel mei efterskot en klankboerd bleau bewarre en is it iennige wat noch oerbleaun is út de tiid dat de tsjerke boud waard. De preekstoel is ryk fersierd mei houtsnijwurk, útfierd troch Jacob Zwaluw út Ljouwert. De trije allegoryske frouljusfigueren symbolisearje hope, leauwe en leafde. Mooglik wiist de frouljusfiguer mei de wet op it Alde Testamint en de figuer mei de hoekstien en it boek op it Nije Testamint. Op de hoekstilen steane ek in grut tal ôfbyldings: in sikkel, skop, nôtieren, in medaillon mei hynder, pylken, fûgels, in net en fisken en in medaillon mei sinne. De achttjinde-iuwske lêzer hat in stipe yn de foarm fan in earn. De trep hat iepenwurk ballusters en is yn Loadewyk XVI-styl makke.
De oargelkast en it front binne fan H. Knipscheer út 1866. Knipscheer brûkte in âld fjouwerfuots-front dat oan wjerskanten útwreide waard. It hjoeddeistige oargel is boud troch Bakker en Timmenga yn 1901 en hearde oant 1993 ta de grifformearde tsjerke fan Gaast. Yn 1993 is it oerpleatst nei Langezwaag.