Undersyk trochstreamlokaasje De Twirre
Op dizze side lêze jo de aktuele ûntwikkelingen rûnom de plannen foar in trochstreamlokaasje yn de Twirre yn Oerterp.
Update 15-12-2026
It kolleezje hat de gemeenteried frege om akkoard te gean mei 12 apparteminten:
6 foar statushâlders en 6 foar oare wenningzoekenden.
De gemeenteried hat it foarstel besprutsen en wol earst mear ynformaasje foardat sy in beslút nimt. Yn de gearkomste fan 15 desimber is ôfsprutsen dat de ried op 26 jannewaris 2026 in beslút nimt oer de takomst fan de Twirre.
Update 6-11-2025
Wat is it foarstel no?
Gemeente Opsterlân hat ferskate mooglikheden ûndersocht. Dêrneist is, op fersyk fan ynwenners, in partisipaasjetrajekt start. Pleatslik belang en in groep ynwenners fan omlizzende strjitten hawwe fjouwer jûnen meitocht en advys jûn oer wat wichtich is om rekken mei te hâlden foar it doarp.
It foarstel is no om de lokaasje fan De Twirre te ferbouwen ta 12 apparteminten:
- 6 apparteminten foar statushâlders
- 6 apparteminten foar oare wenningzoekenden
De 6 apparteminten foar de statushâlders foarmje mei-inoar in trochstreamlokaasje dêr't 25 statushâlders tydlik wenje kinne. Mei it realisearjen fan de oare 6 apparteminten komme wy temjitte oan de bredere ferlet oan wenten. De partisipaasjegroep joech ek oan dat it wichtich is dat der wenten komme. De 12 apparteminten en dus ek de trochstreamlokaasje sille maksimaal seis jier bestean. Dêrnei wurdt De Twirre sloopt.
De gemeente brûkt dizze 6 jier om plannen te meitsjen en dizze foar te bereiden.
Op 1 desimber besprekt de gemeenteried it foarstel fan boargemaster en wethâlders. Op 15 desimber wurdt der oer it foarstel besletten.
Klik hjir foar it riedsfoarstel.
Taljochting:
Trochstreamlokaasje:
In plak dêr't statushâlders tydlik wenje kinne oant se yn de direkte regio in wenning krije kinne.
Statushâlder:
In persoan dy't in ferbliuwsfergunning krigen hat en dêrtroch yn Nederlân bliuwe mei.
Tidens de ynrinbyienkomst oer dit ûnderwerp op 4 febrewaris hawwe de ynwenners fan Oerterp fragen steld en harren soargen utere. De fragen en antwurden hawwe wy yn dit ferslach bondele.
Fragen en antwurden oer it ûndersyk nei De Twirre as mooglike trochstreamlokaasje
Hawwe jo fragen?
Hawwe jo fragen oer dit ûnderwerp? Stjoer dan jo berjocht nei huisvestingvluchtelingen@opsterland.nl.

