De útslaggen steane online!

18.15 oere |  17 maart 2023

It sit derop: de stimmen binne op partijnivo én kandidaatnivo teld, de prosessen-ferbaal binne opmakke en alle offisjele dokuminten binne tekene. It Sintraal Stimburo yn Ljouwert nimt it stokje no oer. 

Gean nei de útslaggen 

Tinke jo dat der wat net kloppet? Foar de Provinsjale Steaten kinne jo dit melde by it Sintraal Stimburo (gemeente Ljouwert). Foar it Wetterskip kinne jo by it Wetterskip sels telâne. Gean foar mear ynformaasje hjirfoar nei https://www.leeuwarden.nl/verkiezingen/verkiezingsuitslagen/

Wy sjogge werom op in bysûndere wike mei hege opkomsten, moaie moetingen, goede gearwurkings, lange dagen en koarte nachtsjes. Opsterlân stimde...fyn dat jo dit diene en in hiel moai wykein winske!

Mear liveblogberjochten:

  • Wy binne grutsk!

    12.30 oere | 15 maart 2023
    Us kollega's Pieter de Vries en Folkert Deelstra steane hjoed yn de Ljouwerter Krante.

  • Boargemaster besiket alle stimburo's

    9.15 oere | 15 maart 2023
    Us boargemaster Lex Roolvink bringt hjoed in besite oan alle stimburo's yn ús gemeente.