Doarpsstipepunten
In protte doarpen yn ús gemeente hawwe in aktyf doarpstsjinstpunt dêr't jo as ynwenners telâne kinne foar ferskate helpfragen en tydlike stipe.
Sa kinne jo bygelyks telâne foar:
- As jo help sykje om de hûn út te litten, boadskippen te heljen, de tún by te hâlden of foar it sa no en dan dwaan fan lytse putsjes.
- Jo kinne se ynskeakelje as jo in ferfierprobleem hawwe of ferlet hawwe fan in harkjend ear, in kuier of in gesellich praatsje.
- Ek kinne se help biede mei de kompjûter of it ynfoljen fan lestige formulieren.
- Dêrnjonken ynformearje se graach oer aktiviteiten en ferienings binnen it doarp.
Guon doarpstsjinstpunten organisearje aktiviteiten om moetingen te stimulearjen.
Klik hjir om alle kontaktgegevens fan de tsjinstpunten te besjen.
