Stipe sintra yn it doarp
Hast alle doarpen yn 'e gemeente hawwe in doarpsstipesintrum. Jo kinne nei it doarpsstipesintrum gean foar ynformaasje en advys, en as jo (tydlik) in helpende hân nedich binne.
- Ik moat in formulier ynfolje. Kin immen hjirby helpe?
- Ik haw myn skonk brutsen. Kin immen myn hûn útlitte?
- Ik bin nij yn it doarp. Wat is der allegear te dwaan?
- Ik haw in rolstoel nedich. Hoe moat ik dat regelje?
- Ik kin gjin gebrûk meitsje fan it iepenbier ferfier en wol dochs graach famylje besykje. Hokker mooglikheden binne der?
- It slagget net mear om sels te koken. Hokker mooglikheden binne der om dochs elke dei in waarm miel te iten?