In feilige buert

Mei jo tegearre meitsje wy buerten en doarpen feiliger. Op dizze side lêze jo hoe.

Burgernet

De gemeente en de plysje wurkje deistich oan de feiligens op strjitte. Mar jo kinne ek helpe troch mei te dwaan mei Burgernet! By in akute situaasje, bygelyks in fermissing, oerfal of stellerij yn jo omjouwing, krije jo berjocht. En kinne jo it melde as jo wat sjoen hawwe. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Buorrerûzje en buertbemiddeling

Ergernis oer lûd, bern, húsdieren of in ferkeard parkearre auto? Wat foar de iene buorman gewoan is, is foar in oare buorman steurend. Hawwe jo in konflikt mei buorlju of buertgenoaten en komme jo der (tegearre) net mear út? De webside www.problemenmetjeburen.nl jout algemiene ynformaasje oer de 10 meast foarkommende buorproblemen en tips foar mooglike oplossingen.

Fergese buertbemiddeling

Slaget it mei alle tips net om in oplossing te finen? Meitsje dan fergees gebrûk fan Buertbemiddeling Opsterlân. Oft it no giet om pesterijen, rommel op strjitte of oare oerlêst. 

Buertbemiddeling Opsterlân set treende frijwilligers yn dy't mei beide partijen yn petear geane. Tegearre mei harren kinne jo ôfspraken meitsje om de situaasje te ferbetterjen en nije konflikten foar te kommen.

Klik hjir foar mear ynformaasje

Whatsapp buertprevinsje

Wichtich foar in feilige en leefbere buert is it dielen fan ynformaasje tusken buertbewenners. In Buertprevinsje WhatsAppgroep kin dêrby helpe. Buertbewenners kinne sels sa'n WhatsApp groep starte. Fia WhatsApp kinne ynwenners tegearre fertochte situaasjes sinjalearje, elkoar warskôgje, de fertochte situaasje melde by de plysje en eventueel fersteure. 

Ynwenners binne fia de Buertprevinsje WhatsAppgroep ekstra eagen en earen foar de plysje. De measte wenningynbraken wurde nammentlik foarkommen of oplost tanksij oplettende buorlju. Klik hjir foar mear ynformaasje

Wenningynbraak

Wenningynbraken hearre tegearre mei geweld, strjitrôven en oerfallen ta de saneamde ‘high impact crimes’. Dizze delikten meitsje in grutte ynbreuk op de privacy en it feilichheidsgefoel fan minsken en op slachtoffers fan dizze delikten. 

Foarkom ynbraak, nim maatregels. Mear ynformaasje fine jo hjir. 

Hawwe jo fûn wat jo sochten?

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân