Iensumens
Mis jo it kontakt mei minsken om jo hinne, binne jo immen ferlern, skieden of siik? Meitsje jo jo in soad soargen of hawwe jo ynteresses dy't jo mei nimmen diele kinne? Miskien binne jo sa drok mei wurkjen dat jo net yn steat binne kontakten mei oare minsken te ûnderhâlden. Of hawwe jo nimmen om leuke dingen mei te dwaan? Mis jo doelen of sinjouwing yn jo libben? De reden wêrom't men him iensum fielt, kin foar elkenien oars wêze. Iensum fiele is ek net itselde as 'allinnich wêze'. Jo kinne sels in soad minsken om jo hinne hawwe en jo midden tusken famylje, freonen en kollega's dochs hiel allinnich en iensum fiele.
Help of stipe nedich?
Binnen de gemeente Opsterlân kin in konsulint previnsje en wolwêzen jo helpe.

Iensumens komt folle faker foar as wy tinke en komt foar by elkenien en op alle leeftiden. Iensumens giet hast nea fan sels oer en kin in direkt effekt hawwe op jo sûnens en it deistich funksjonearjen. Minsken kinne der fertrietlik en benaud fan wurde, wêrtroch't se har weromlûke út de maatskippij. Dat kin in negatyf effekt hawwe op it libben fan immen.
Tajaen dat jo iensum binne is faak lestich. Dochs sille jo dy stap sette moatte as jo wat dwaan wolle oan jo iensumens. Nimmen kin gedachten en gefoelens fan oaren lêze. As jo de iensumens fan josels of in oar trochbrekke wolle, dan is it oan jo om de earste stap te setten.
Wat kinne jo sels dwaan?
Fertel immen hoe't jo jo fiele en wat jo graach feroarje wolle. Sykje wat dêr't jo jo op ferheugje kinne, dêr't jo bliid fan wurde. In nije hobby, sport, in lêsclub of soe frijwilligerswurk wat foar jo wêze? De measte ferienings wurde entûsjast as der spontaan nije frijwilligers har melde.
Stap op immen ôf dy't jo ynteresseart en knoop in petear oan. Freonskippen ûntsteane net spontaan, mar soms wol út in petearke yn de supermerk, de pleatslike sportferiening of bibleteek. Ek kinne jo âlde ferwettere freonskippen wer oppakke. In telefoantsje of in kaartsje kinne it startsein wêze om in freonskip te fernijen.
Is der immen yn jo buert dy't faak allinnich liket te wêzen? Immen dy't ôfsûndere liket en gjin echte oansluting liket te finen binnen syn of har omjouwing? Begjin ris in praatsje en stel iepen fragen. Fragen dêr't gjin ja of nee antwurd op mooglik is. Miskien kinne jim tegearre wat fine wat oansprekt en wêrtroch't immen wer meidwaan wol en kin yn de maatskippij.
Iensumens giet net fan sels oer. Iensumens oplosse slagget hast nimmen allinnich, wol kinne jo dit tegearre mei oaren dwaan. As jo it lestich fine om jo iensumens of dy fan in oar te trochbrekken, dan binne der ferskate organisaasjes dy't dêrby helpe wolle, harkje en meitinke.
Wit dat jo der net allinnich foar steane. De folgjende organisaasjes steane yn elts gefal foar jo klear.
Skilje of chatte mei de Luisterlijn
Jo kinne 24 oeren deis skilje of chatte mei de Luisterlijn. Hjir is dei en nacht immen berikber foar in fertroulik petear of foar it jaan fan ynformaasje. Hjir kinne jo, as jo dêr ferlet fan hawwe, jo soargen en gefoel fan iensumens anonym diele. De Luisterlijn is berikber fia telefoannûmer (088) 07 67 000. Chatte jo leaver mei immen? Dit kin fia de webside fan de Luisterlijn: deluisterlijn.nl
Sichtpunt: foar in sinfol petear
Miskien misse jo immen dêr't jo in goed petear mei hawwe kinne. Jo misse in doel, of sin yn jo libben. Of jo wrakselje mei fragen dêr't jo net goed útkomme. Ek dat kin in iensum gefoel jaan. Geastlik fersoargers fan Sichtpunt helpe jo graach fierder. Sy binne beskikber foar in goed petear, en kinne mei jo meitinke oer sinjouwing en libbensfragen. Jo bepale sels op hokker wize.
Geastlike fersoarging is der foar elkenien, nettsjinsteande jo libbensoertsjûging of leauwe. Wolle jo kontakt mei in geastlik fersoarger? Sjoch dan op de sichtpunt.frl.
Wolle jo graach yn petear mei immen út jo wenomjouwing?
Dan kinne jo mei jo fraach mooglik terjochte by in frijwilliger fan ien fan de protte doarpsstipepunten binnen de gemeente. Dizze frijwilligers tinke graach mei jo mei en kinne jo mooglik yn kontakt bringe mei organisaasjes, ferienings, frijwilligers en doarpsgenoaten. Persoanlik en tichtby dus! Wolle jo graach immen dy't wat fierder fan jo ôf stiet, dan meie jo ek in berop dwaan op frijwilligers út in oar doarpsstipepunt. It giet om wat jo graach wolle en nedich hawwe.
Websites mei mear ynformaasje
Wolle jo graach mear ynformaasje oer it ûnderwerp iensumens? Of sykje jo tips en mooglikheden foar stipe? Sjoch dan ris op de lanlike websiden lykas:
