Hoe Heine Tolsma syn hûs ferduorsume
Yn Nij Beets wennet Heine Tolsma (82) mei in protte wille yn syn hûs. In pear jier lyn besleat hy om syn wenning duorsumer te meitsjen. “Ik kocht seis sinnepanielen, en dat bliek in goede kar, want net folle letter stigen de enerzjy- en gasprizen enoarm,” fertelt Heine. “Dêrom sette ik myn thermostaat leger en brûkte ik in elektrysk kacheltsje om ekstra te ferwaarmjen. Dêrtroch ferbrûkte ik folle minder gas, sawat 1200 m³ yn 't jier.”

In wenning út 1976
Hoewol't Heine al in protte besparret, hat syn hûs noch wat útdagings op it mêd fan duorsumens. “It hûs is boud yn 1976 en is net goed isolearre,” leit er út. “De muorren en de flier hawwe hast gjin isolaasje, en yn it dak sit in tin laachje fan 4 oant 5 sintimeter. Ik haw sels noch de plafonds boppe de sliepkeamers isolearre.”
In triuwke yn 'e rêch fan de gemeente
Heine stie iepen foar fierdere ferduorsuming, mar woe dit allinnich dwaan as it ek de wearde fan syn wenning ferheegje soe. Fia de gemeente kaam hy telâne by de isolaasje-aksje. “Der is in rapport fan myn hûs makke. Dêryn stie dat ik it bêste myn flier en muorren isolearje koe, en dat ik ek in pear ruten mei âld dûbel glês ferfange koe troch HR++ glês,” seit er.
Mei dizze oanbefellings gie Heine oan de slach. “Ik haw offertes opfrege by in lokaal boubedriuw dat gearwurket mei in natuerfreonlik isolaasjebedriuw. It isolearjen fan de flier mei PUR koste € 1851,- en de muorren isolearje koste € 1919,-. It ferfangen fan it glês koste € 3550,- Dizze maatregels haw ik doe earst útfiere litten.”
Subsydzjes meitsje it ferskil
Heine wist de kosten goed te dekken mei subsydzjes. “Fan de gemeente krige ik € 2177,- subsydzje. Dêrboppe-op krige ik fanút de provinsje noch in ekstra subsydzje fan € 2500,- én fia de ISDE-subsydzje € 800,- werom. Alles byinoar haw ik de ynvestearring hast hielendal betelje kinnen mei subsydzjes,” fertelt er entûsjast. “Dêr bin ik tige bliid mei.”
Help fan enerzjyferkenner en enerzjycoach
De stipe dy't Heine krige tidens dit trajekt wie foar him tige weardefol. “Enerzjyferkenner Bas Tromp en in frijwillige enerzjycoach hawwe my meardere kearen besocht. Sy hawwe my echt goed holpen. Mei tank oan harren advys en stipe kin ik myn hûs ferduorsumje én tagelyk de wearde fan myn wenning ferheegje.”
Sels oan de slach
Heine hopet dat syn ferhaal oaren ynspirearret om ek stappen te setten. “Ik bin bliid dat ik dizze stap sette kin en hoopje dat oaren ek gebrûk meitsje fan dizze mooglikheden”. Der binne in protte manieren om jo hûs duorsumer te meitsjen, faak mei mear subsydzje as jo tinke. Oerwaget jo sels om jo wenning duorsumer te meitsjen? Sjoch dan op energieinopsterland.nl/isolatieactie foar mear ynformaasje en ûntdek hokker mooglikheden der foar jo binne. Sa't Heine Tolsma bewiist: duorsume stappen sette is net allinnich goed foar it miljeu, mar ek foar jo portemonnee.





