“Ik haw foar de hiele ynvestearring fan € 3833,- neat sels hoege te beteljen.”
Har man wie in pionier. Hy pleatste 20 jier lyn sels sinnepanielen op it dak. Nei syn ferstjerren hat Hanneke van der Wijk it stokje oernommen. ,,Nei't ik mei de gemeente belle haw, is alles foar my regele. Geweldich.’’

Wat wie de oanlieding?
,,Wy moatte fan it gas ôf. Dy boadskip fan de regearing hold my hieltyd dwaande. Mar ja, wat moatte jo dwaan? Kennis hjirfan hie ik net. Myn man regele eartiids sokke saken. Oant ik ferline jier de folder fan de gemeente oer harren isolaasje-aksje krige. Ik haw doe mei de gemeente belle en sein dat ik belangstelling hie. Enerzjyferkenner Lisanne Runhart hat my dêrnei fantastysk holpen.’’
Wat wie jo winsk?
,,It hûs is yn de jierren tachtich foarsjoen fan ienfâldige muorreyzolaasje. Letter hawwe wy sels glêsyzolaasje oanbrocht en it dak isolearre. Mei de enerzjyferkenner hawwe wy sjoen wat de mooglikheden wiene. Wy hawwe besletten om de flier te isolearjen en hawwe de muorren opnij oanpakt. Ik haw myn wenning natuerfreonlik isolearre. Pas neidat de flearmûzen feilich útfleane koene, binne de wurksumheden start. Myn hûs is no hielendal ‘flearmûsproof!’’’
Ik bin gjin grutferbrûker, mar tink dochs dat ik minder gas en stroom ferbrûke sil. Ik wol net yn de kjeld sitte, mar as de sinne skynt, hoech ik yn de wenkeamer net sa folle te stoken. Ek haw ik in waarmtedekken fan Stoov foar myn stoel, dat is ek hiel noflik. Op de boppeferdjipping haw ik de kachel trouwens nea oanstean. Dat fyn ik net nedich’.
Is it hûs no klear?
,,Foar no wol. Ik koekje noch altyd op gas. Dat sil ik foar no bliuwe dwaan. De opbringst fan de sinnefjilden is net sa heech en mei it ôfskaffen fan de salderingsregeling is dy ynvestearring net oantreklik. As de cv-ketel ferfongen wurde moat, dan tink ik der wol oer nei om in hybride waarmtepomp oan te skaffen.’’’
Wie it in lestich trajekt?
,,Ik bin fan natuere aardich kritysk, mar yn dit proses is alles sa goed regele. Ik hoegde allinnich mar myn akkoart te jaan. Wat ek hiel moai wie, wie dat Lisanne my wiisde op de mooglikheid dat njonken in gemeentlike subsydzje der miskien ek in subsydzje fan de provinsje beskikber wie. Dat skeelde dochs wer in moai bedrach. Sterker noch: ik haw foar de hiele ynvestearring fan € 3833,- neat sels hoegen te beteljen.
Ik haw derfoar keazen om mei ien bedriuw te wurkjen, sadat ik meardere enerzjymaatregels yn ien kear útfiere koe. Dat betsjutte wol dat ik it bedrach earst sels foarsjitte moast. Gelokkich koe ik dat betelje. Mar dat is net altyd nedich. In enerzjyferkenner kin jo krekt útlizze hoe't it sit!’’
En no?
,,Myn bern binne der grutsk op dat ik myn hûs fierder isolearre haw. Ik meitsje no ek graach reklame foar it projekt by oaren. It is echt de muoite wurdich.’’




