Lippenhuzen

Lippenhuzen (Lippenhuzen) is fan oarsprong in boeredoarp, dat earder Kobunderhuzen neamd waard. Fia de Feanrûte, de prachtige toeristyske farroute dy't troch Súdeast-Fryslân rint, is it doarp ferbûn mei De Himrik, De Gordyk en Terwispel.

Mear witte?

Sjoch dan ris op de webside fan Lippenhuzen.

Gean nei lippenhuizeneen.nl 

Lippenhuzen, rivierke It Alddjip mei in boatsje oan de kade

Foto © Marcel van Kammen

Wat te dwaan yn Lippenhuzen

It diel fan de Feanrûte troch Lippenhuzen giet troch in skitterjend kûlisselânskip. In kûlisselânskip is in ôfwikseljend lânskip mei greiden en ikkers, omjûn troch beammen of strûken, wêrtroch't it liket op in toaniel mei skermen. Te foet of op de fyts is it lânskip te bewûnderjen. In moai útsje is de Liphâsterheide, in heidefjild lâns it rivierke It Alddjip (Keningsdjip). As jo wat ite of drinke wolle, kinne jo yn it doarp telâne yn ferskate restaurants en kafees. En oernachtsje is mooglik op de pleatslike minykamping.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân