Noch efkes trochsette...
16.45 oere | 16 maart 2023
It tellen en fierder ferwurkjen fan alle stimmen is noch net klear, mar wat wurdt der hurd wurke. Wy binne hiel bliid mei alle ynwenners dy't ús as stammenteller helpe. In tankje is dêrom wol op syn plak. Tige tank tellers!
It tellen fan alle stimmen is in flinke put fanwegen de hege opkomst en de dûbele ferkiezing. It wiene lange dagen en hiel koarte nachten, dus de lêste loodsjes wage behoarlik swier. Moarnte wurde alle papieren nei it Sintraal Stimburo yn Ljouwert brocht. Yn de rin fan moarnsmiddei publisearje wy alle foarriedige útslaggen op kandidaatnivo op ús webside. Foar no winskje wy jo in noflike jûn en oant moarn!
Foto's by dit berjocht:
Mear liveblogberjochten:
Pazjinaasje


