
Previnsje aginda
By de gemeente Opsterlân fine wy it wichtich dat elkenien meitelt en meidocht. Tegearre mei jo soargje wy dêrfoar. Yn ús doarpen is de ‘krêft fan de mienskip’ grut. Dy gearhing fan de doarpen wolle wy tegearre mei jo fierder fersterkje. Dat is de krêft fan de mienskip, dat is de krêft fan Opsterlân.

Wat is de previnsje-aginda?
De gemeente Opsterlân hat dus in dúdlike ambysje dy't wy realisearje sille mei dizze previnsje-aginda. Hjirmei wolle wy bewennersorganisaasjes, soarchoanbieders, ûndernimmers en oaren útnûgje om mei te tinken en mei te dwaan. Diel jo ideeën mei ús!
Hoe soene jo bydrage wolle oan previnsje en fitale doarpen?
Elkenien telt mei, elkenien docht mei. Wy sykje nei manieren hoe't eat wél kin. Want wy wolle sûn wenje yn ús fitale doarpen. Hawwe jo in idee of binne jo al earne mei dwaande dêr't jo ús of oaren foar nedich hawwe? Diel it mei ús fia ûndersteande link.

Previnsje Aginda Opsterlân 2021-2030
Dizze Previnsje Aginda Opsterlân 2021-2030 biedt in ramt dêr't de gemeente yn de kommende jierren karren mei meitsje kin foar ynset en stipe fan ynwenners, folop gebrûkmeitsjend fan de krêft fan de mienskip.





