Stimmen telle is topsport

12.00 oere | 16 maart 2023

De sporthal yn De Wier: normaal sprutsen in plak dêr't minsken har yn it swit wurkje, teams foarmje, rûnrinnne, coache en coacht wurde. Om dêrnei wurch mar foldien wer nei hûs te gean. En eins is dat hjoed net oars. It is topsport dizze dei!

Der wurdt hiel wat hinne en wer rûn mei kratten fol stimbiljetten en oar papierwurk. Mar ek de holle wurdt flink traind: stimbiljet foar stimbiljet wurdt alles teld, notearre en ferwurke, om dêrnei wer fierder te gean mei in nije steapel. Lytse teams dy't harren taak yn folle konsintraasje folbringe, hjir en dêr coacht troch de koördinearjende meiwurkers. Soms efkes op adem komme, wat ite of drinke...en dan wer fierder. Om úteinlik letter dizze dei wurch mar foldien wer nei hûs te gean. 

Mear liveblogberjochten:

  • Foarriedige útslach Wetterskip

    03.15 oere | 16 maart 2023
    En ek de foarriedige útslach fan de ferkiezing foar it Wetterskip is der! Dêrmei slute wy ús liveblog foar hjoed ôf.

  • In earste blik yn de útslaggen

    23.45 oere | 15 maart 2023
    Wylst it tellen by guon stimburo's noch yn folle gong is, binne oaren al klear. Wy jouwe jo alvast in earste blik yn de útslaggen.

  • Telle, telle en nochris telle

    21.30 oere | 15 maart 2023
    No't de stimburo's sletten binne, geane de stimbussen iepen. De stimbiljetten lizze oer de flier, om dêrnei mei folle omtinken teld te wurden.