Stimmen telle is topsport

12.00 oere | 16 maart 2023

De sporthal yn De Wier: normaal sprutsen in plak dêr't minsken har yn it swit wurkje, teams foarmje, rûnrinnne, coache en coacht wurde. Om dêrnei wurch mar foldien wer nei hûs te gean. En eins is dat hjoed net oars. It is topsport dizze dei!

Der wurdt hiel wat hinne en wer rûn mei kratten fol stimbiljetten en oar papierwurk. Mar ek de holle wurdt flink traind: stimbiljet foar stimbiljet wurdt alles teld, notearre en ferwurke, om dêrnei wer fierder te gean mei in nije steapel. Lytse teams dy't harren taak yn folle konsintraasje folbringe, hjir en dêr coacht troch de koördinearjende meiwurkers. Soms efkes op adem komme, wat ite of drinke...en dan wer fierder. Om úteinlik letter dizze dei wurch mar foldien wer nei hûs te gean. 

Mear liveblogberjochten:

  • De stimburo's binne sletten!

    21.00 oere | 15 maart 2023
    It is 21.00 oere en dat betsjut dat de doarren fan ús stimburo's ticht binne en dat stimmen net mear mooglik is. Telle mar!

  • No op Omrop Fryslân: Fryslân Kiest

    20.05 | 15 maart 2023
    Nijsgjirrich nei it ferrin fan de ferkiezings yn de hiele provinsje? Fan 20.00 oere ôf komt Omrop Fryslân live út it Provinsjehûs mei 'Fryslân Kiest' op radio en telefyzje.

  • Noch 1 oere om te stimmen!

    20.00 | 15 maart 2023
    Hawwe jo noch net stimd? Sykje jo stimpas en identiteitsbewiis dan byinoar en gean noch gau nei in stimburo by jo yn de buert. Om 21.00 oere slute de doarren!