Telle, telle en nochris telle

21.30 oere |  15 maart 2023

No't de stimburo's sletten binne, geane de stimbussen iepen. De stimbiljetten lizze oer de flier, om dêrnei mei folle omtinken teld te wurden.

Fanocht wurdt foar sawol de Provinsjale Steaten as foar it Wetterskip op partijnivo teld. Moarn fynt yn MFC de Wier yn Oerterp it sintraal stimmen tellen op kandidaatnivo plak. 

Mear liveblogberjochten:

  • Wy geane wer los!

    8.50 oere | 16 maart 2023
    Nei in koarte nacht geane wy hjoed wer fol goede moed oan de slach. Wy binne yn MFC de Wier yn Oerterp foar it sintraal tellen fan de stimmen op kandidaatnivo.

  • Foarriedige útslach Wetterskip

    03.15 oere | 16 maart 2023
    En ek de foarriedige útslach fan de ferkiezing foar it Wetterskip is der! Dêrmei slute wy ús liveblog foar hjoed ôf.

  • In earste blik yn de útslaggen

    23.45 oere | 15 maart 2023
    Wylst it tellen by guon stimburo's noch yn folle gong is, binne oaren al klear. Wy jouwe jo alvast in earste blik yn de útslaggen.