Wy geane wer los!

8.50 oere |  16 maart 2023

Nei in koarte nacht geane wy hjoed wer fol goede moed oan de slach. Wy binne yn MFC de Wier yn Oerterp foar it sintraal tellen fan de stimmen op kandidaatnivo.
 

De seal dêr't dat barre sil, wurdt op dit stuit reemakke. Nei in goede kop kofje geane de hast 50 stammentellers om 10 oere fan start. It tellen is iepenbier. Wolle jo komme te sjen, dan binne jo dus fan herte wolkom!

Mear liveblogberjochten:

  • De útslaggen steane online!

    18.15 oere | 17 maart 2023
    It sit derop: de stimmen binne op partijnivo én kandidaatnivo teld, de prosessen-ferbaal binne opmakke en alle offisjele dokuminten binne tekene. It Sintraal Stimburo yn Ljouwert nimt it stokje no oer. 

  • Noch efkes trochsette...

    16.45 oere | 16 maart 2023
    De lêste loadsjes wage it swierst. Mar wat binne wy bliid mei alle ynwenners dy't ús as stammenteller helpe.

  • Stimmen telle is topsport

    12.00 oere | 16 maart 2023
    In sporthal fol mei tafels, stimbiljetten, papierwurk en konsintrearre gesichten: der wurdt hurd wurke yn Oerterp!