Stimmen telle is topsport

12.00 oere | 16 maart 2023

De sporthal yn De Wier: normaal sprutsen in plak dêr't minsken har yn it swit wurkje, teams foarmje, rûnrinnne, coache en coacht wurde. Om dêrnei wurch mar foldien wer nei hûs te gean. En eins is dat hjoed net oars. It is topsport dizze dei!

Der wurdt hiel wat hinne en wer rûn mei kratten fol stimbiljetten en oar papierwurk. Mar ek de holle wurdt flink traind: stimbiljet foar stimbiljet wurdt alles teld, notearre en ferwurke, om dêrnei wer fierder te gean mei in nije steapel. Lytse teams dy't harren taak yn folle konsintraasje folbringe, hjir en dêr coacht troch de koördinearjende meiwurkers. Soms efkes op adem komme, wat ite of drinke...en dan wer fierder. Om úteinlik letter dizze dei wurch mar foldien wer nei hûs te gean. 

Mear liveblogberjochten:

  • De útslaggen steane online!

    18.15 oere | 17 maart 2023
    It sit derop: de stimmen binne op partijnivo én kandidaatnivo teld, de prosessen-ferbaal binne opmakke en alle offisjele dokuminten binne tekene. It Sintraal Stimburo yn Ljouwert nimt it stokje no oer. 

  • Noch efkes trochsette...

    16.45 oere | 16 maart 2023
    De lêste loadsjes wage it swierst. Mar wat binne wy bliid mei alle ynwenners dy't ús as stammenteller helpe.

  • Wy geane wer los!

    8.50 oere | 16 maart 2023
    Nei in koarte nacht geane wy hjoed wer fol goede moed oan de slach. Wy binne yn MFC de Wier yn Oerterp foar it sintraal tellen fan de stimmen op kandidaatnivo.