Ferfier
Hawwe jo muite mei rinnen, fytsen en/of autoriden? En slagget it jo dêrtroch net om aktiviteiten te ûndernimmen of jo sosjale kontakten te besykjen? Jo hawwe dan mooglik in oplossing foar jo ferfierprobleem nedich.
Stipe by jo ferfierprobleem
As jo in ferfierprobleem hawwe, freegje dan help yn jo omjouwing. Mooglik kinne famylje, buorlju of oaren jo helpe. Hawwe jo noch nea mei it iepenbier ferfier reizge? Freegje dan immen út jo omjouwing om dit tegearre te oefenjen. Dêrneist binne der yn ferskate doarpen doarpssteunpunten. Ek sy tinke graach mei jo mei.
Ferfier nei it sikehûs of medyske behanneling?
Hawwe jo ferfier nedich nei it sikehûs of in oare medyske behanneling? Mooglik kin jo soarchfersekerder wat foar jo betsjutte. Nim hjirfoar kontakt op mei jo soarchfersekerder.
De Plusbus
As jo gjin oplossing fine kinne foar jo ferfierfraach, dan kinne jo gebrûk meitsje fan De Plusbus. De Plusbus hellet jo op fan jo hûs en bringt jo op it plak dêr't jo wêze moatte. Meitsje jo gebrûk fan in rollator of rolstoel? Dizze kinne jo meinimme. Foar mear ynformaasje sjoch op www.pakdeplusbus.nl.
Gebietsteam
Kinne jo sels gjin oplossing foar jo ferfierprobleem fine? Dan kin it Gebiedsteam mei jo meitinke.
