Fragen en kontakt oer opfieden en opgroeien

Op dizze side fine jo mear ynformaasje oer kontaktmooglikheden en jo rjochten op it mêd fan û.o. beswier meitsje, klachten, dossierplicht en AVG.

Hawwe jo fragen oer opfieden en/of opgroeien, dan soene jo miskien it ynternet op de folgjende plakken rieplachtsje kinne. In goede webside oer opfieden en opgroeien www.opvoeden.nl. Ek www.opvoedinformaasje.nl kin ynteressant wêze.

Fine jo op it ynternet gjin goed en betrouber antwurd op jo fraach oer de sûnens fan jo bern? Of bliuwe jimme twifeljen? Stel jimme fraach dan oan de jeugdsoarch. Foar fragen oer bern oant 4 jier kinne jo terjochte by de GGD Fryslân.

Biedt dit gjin útkomst of is der wat oars oan de hân, nim dan kontakt op mei it gebietsteam Opsterlân.

Fragen? Dit is de rûte 

  • Sadree't jo in fraach hawwe oer opfieden, opgroeien of meidwaan yn de maatskippij, kinne jo dy stelle by it gebietsteam fan de gemeente Opsterlân.
  • Tidens it earste petear besjocht in meiwurker fan de tagong tegearre mei jo wêr't jo tsjinoan rinne en wat jo fraach is. Wat binne de mooglike oplossingen? Wêr hawwe jo stipe by nedich?
  • Mar wy steane ek stil by wat jo sels kinne en wêrmei't minsken yn jo omjouwing (lykas famylje en freonen) jo helpe kinne. Tidens it petear leit de meiwurker fan de tagong ek út hoe't it ferfolch derút sjocht. Hoe lang dit ferfolch duorret, hinget ôf fan jo situaasje. Elk minske en elke helpfraach is ommers ferskillend. Soms is it nedich om mear petearen te fieren of fierder ûndersyk te dwaan.

ID-kontrôle

Wy freegje jo by it earste besyk in jildich legitimaasjebewiis mei te nimmen. Tink by in húsbesite derom dat jo in jildich identiteitsbewiis klear hawwe. De gemeente is wetlik ferplichte om de identiteit fêst te stellen fan de persoanen oan wa't de gemeente in tsjinst ferliend. Dat jildt ek foar minsken dy't har melde by de gemeente mei in helpfraach. Dêrom wurdt oan ynwenners frege nei in jildich legitimaasjebewiis, sa't bedoeld is yn Artikel 1 fan de wet op identifikaasjeplicht. 

Hoe tariede jo jo foar op it earste petear?

Miskien is it noflik foar jo om it petear mei it gebietsteam net allinnich te fieren. Jo kinne dêrom oare minsken by it petear útnûgje dy't jo en jo problemen goed kenne en meitinke kinne oer oplossingen. Tink hjirby bygelyks oan famylje, buorlju en freonen. Of in ûnôfhinklike kliïntstiper. Dizze minsken kinne jo ek helpe by de ferfolchstappen dy't jo sette wolle.

Wat bart der dan?

Nei it ûndersyk (de petearen) makket de meiwurker fan it gebietsteam in ferslach. Wy neame dit it Fryske stipeplan. Wy freegje jo dit Fryske stipeplan goed nei te lêzen en hjirop te reagearjen. Dit stipeplan is nammentlik de basis foar it ferfolch as der (spesjalistyske) helpferliening nedich is.

Unôfhinklike kliïntstipe

In kliïntstiper tinkt graach mei jo mei. Bygelyks as jo help of stipe regelje wolle en jo net witte hoe't dat moat of wêr't jo terjochte kinne. In ûnôfhinklike kliïntstiper is fergees.

By it regeljen fan help of stipe kin in kliïntstiper:

  • helpe om jo fragen en winsken op in rychje te setten
  • petearren helpe tariede
  • meigean nei petearren
  • meitinke oer ôfspraken oer de help dy't jo krije
  • meitinke as jo der net út komme mei in organisaasje

Organisaasje yn gemeente Opsterlân dy't kliïntstipe biedt:
Oco tinkt mei: https://ocodenktmee.nl/

Beswier meitsje

Binne jo it net iens mei in beslút fan de gemeente? Dan kinne jo beswier meitsje.

De beswierproseduere is wat oars as de klachteproseduere. In klacht tsjinje jo yn as jo net tefreden binne oer in gedrach fan in gemeentlik amtner. In beswier tsjinje jo yn as jo it net iens binne mei in beslút fan de gemeente. It giet dêrby om in beslút dat streekrjocht neidielige gefolgen foar jo hat. https://www.opsterland.nl/bezwaar-maken

Klachtenregeling

Binne jo net tefreden oer ús wurk of oer ús gedrach? Jo fine bygelyks dat wy jo net goed ynformearre hawwe of dat in ôfspraak net fluch genôch útfierd wurdt. Miskien binne jo fan miening dat in meiwurker fan de gemeente jo net fatsoenlik behannele hat. Meld dan jo klacht by ús. Prate helpt

Alderearst is it fansels fan belang om mei-inoar yn petear te bliuwen. Besykje dêrom earst jo problemen út te praten mei de amtner dy't neffens jo ferantwurdlik is. Faak is in flater maklik te ferhelpen. Soms is der sprake fan in misferstân. In goed petear kin jo probleem al út 'e wrâld helpe.


Slaget it net om yn in petear in oplossing te finen? Dan kinne jo in klacht by ús yntsjinje. https://www.opsterland.nl/klacht-indienen
Mocht dat neffens jo net genôch wêze, kinne jo ek gebrûk meitsje fan de fertrouwenspersoanen fan Jeugdstem; Jeugdstem is der foar jo: lit jo hearre

Dossierplicht

Yn artikel 7:454 BW is de dossierplicht fan de helpferliener fêstlein. Dit artikel bepaalt dat de helpferliener in dossier oangeande de behanneling fan de pasjint ynrjochtsje moat. Wy ferwurkje jo persoanlike gegevens fan it momint ôf dat jo jo stipefraach oan ús trochjouwe. Mei ferwurkjen bedoele wy it opfreegjen, fêstlizzen en dielen fan jo gegevens. Dit beprate wy fansels foarôf mei jo. Wy lizze jo gegevens allinnich fêst as dit nedich is foar it finen fan in antwurd op jo fraach. Wy diele jo gegevens allinnich as relevant en nedich foar de yn te setten help. Hjirby hannelje wy neffens de Jeugdwet en de AVG. 

Rjocht op ynsyn, korreksje en ferwidering

Wetlik is fêstlein dat kliïnten en meiwurkers rjocht hawwe op in oersjoch fan en ek ynsyn yn de ferwurke gegevens. Ek is der in rjocht op korreksje (ferbetterjen en/ of oanfoljen) of ferwidering fan de persoansgegevens.

Gegevensferwurking

As ynwenner fan de gemeente krije jo op ferskate manieren te krijen mei de gemeente. De gemeente is as publykrjochtlike organisaasje belêste mei de útfiering fan ferskate wetten. Om ús taken en ferplichtingen út te fieren, en ús ynwenners te helpen is it faak nedich om persoansgegevens te ferwurkjen.

De gemeente ferwurket dus persoansgegevens om har taken en ferplichtingen op grûn fan de wet nei te kommen en om har ynwenners te helpen. Mear ynformaasje hjirfoar fine jo op https://www.opsterland.nl/privacy-en-cookieverklaring-van-de-gemeente-opsterland

Yn de Jeugdwet is bepaald dat net sûnder tastimming fan de belutsenen gegevens oan in tredde ferstrekt wurde meie. Wa moat hjir tastimming jaan:
 

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen of stipe nedich? 

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân