Frijwilliger wurde of sykje
By frijwilligerswurk wurdt al gau tocht oan it besykjen fan siken of boadskippen dwaan. Mar der is safolle mear te dwaan, der is frijwilligerswurk foar jong en âld. Oft jo no in protte of in bytsje tiid hawwe. Sjoch mar ris om jo hinne wat der allegear tanksij it frijwilligerswurk bart.
In lyts foarbyld: it organisearjen fan de buertbarbecue, DJ wêze foar jongerein yn it jongereinhonk, alvetalcoach by de sportferiening, bestjoerslid wêze by in feriening, aktiviteiten organisearje foar bern, foarlêsmem/heit wêze op skoalle, bisten fersoargje yn it dierenasyl. It binne samar in pear foarbylden.
Neffens de letter fan de wet is it net krekt te sizzen wat wol en wat gjin frijwilligerswurk is. Frijwilligerswurk is wurk dêr't net foar betelle wurdt, al kin in lytse fergoeding mooglik wêze.
Oan de slach as frijwilliger
Wolle jo oan de slach as frijwilliger, of sykje jo ien dy't jo helpe kin? Op de webside www.voorelkaarplein.nl kinne jo sjen wêr't frijwilligers frege en oanbean wurde.
Doarpsstipepunten
Yn hast elk doarp yn de gemeente Opsterlân binne doarpssteunpunten. Hjir kinne jo terjochte mei alderhande fragen, mar ek as jo ien nedich hawwe dy't jo tydlik helpt mei bygelyks it gers meanen.
Mear ynformaasje
Hawwe jo fragen of stipe nedich?
Nim kontakt op mei it Gebietsteam
Of nim kontakt op mei wolwêzensorganisaasje Code Hans:
- Telefoan 06 - 29 18 08 87
- E-mail info@romtefoartalint.nl
