Frijwilligerswurk
Frijwilligers binne wichtich foar ús mienskip. Se jouwe tiid en enerzjy om oaren te helpen, aktiviteiten te organisearjen en ferienings draaiende te hâlden wêrtroch ús doarpen leefberder, enerzjyker en noch leuker binne om yn te wenjen.
Der binne ferskate redenen wêrom't minsken frijwilligerswurk dogge. As frijetiidsbesteging, om't se it leuk fine, mar ek om ûnderfining op te dwaan, harren talinten te ûntwikkeljen, kontakt mei oaren te hawwen, it jout foldwaning om wat te betsjutten of om't it wurk/tema harren nei oan it hert leit. By frijwilligerswurk wurdt al gau tocht oan it besykjen fan siken of boadskippen dwaan. Mar der is safolle mear te dwaan, der is frijwilligerswurk foar jong en âld. Oft jo no in protte of in bytsje tiid hawwe
Wolle jo frijwilligerswurk dwaan of sykje jo immen dy't jo helpe kin?
Op de webside www.voorelkaarplein.nl kinne jo sjen wêr't frijwilligers frege en oanbean wurde.
Foar tydlike stipe, help by ferfier, it ynfoljen fan formulieren of it útlitten fan de hûn kinne jo yn in protte doarpen ek by de frijwilligers fan de ferskate doarpsstipepunten terjochte.
Gemeente Opsterlân hat in kollektive frijwilligersfersekering ôfsletten. Frijwilligers binne sa automatysk fergees fersekere fia de gemeente.
