Om it wolwêzen yn de doarpen te fersterkjen is it wichtich dat elkenien meitelt en meidwaan kin.

Libbene doarpen

Ferienings, tsjerken, Sosjaal Kultureel Wurk, CodeHans, doarpsstipepunten mar ek ynwenners nimme inisjativen foar it organisearjen fan aktiviteiten en moetingen dy't derfoar soargje dat ús doarpen libben binne en bliuwe.

Gemeente Opsterlân nûget bewennersorganisaasjes, soarchoanbieders, ûndernimmers en bewenners fia de Previnsje-aginda | Gemeente Opsterlân út mei te tinken hoe't jo bydrage kinne oan it wolwêzen en it fersterkjen fan ús fitale doarpen sadat men der altyd wenjen bliuwe kin.

Wolle jo stipe by it opsetten fan in nije aktiviteit? Of hawwe jo fragen oer it wolwêzenswurk dan kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente fia previnsje@opsterland.nl

Foar Elkoar Plein

Wolle jo mear witte oer wat der te dwaan is yn de gemeente of yn jo doarp? Sjoch dan op www.foarelkoarplein.nl. De weiwiizer fan Opsterlân foar alles oer aktiviteiten, frijwilligerswurk en mear. 

Hawwe jo fûn wat jo sochten?

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân