Boargemaster besiket alle stimburo's

9.15 oere |  15 maart 2023

Us boargemaster Lex Roolvink bringt hjoed in besite oan alle stimburo's yn ús gemeente. It stimburo yn de Moetingstsjerke yn Oerterp wie fan 'e moarn as earste oan bar. Nei in praatsje en in tankje gie de boargemaster wer fuort, op wei nei it folgjende stimburo. 

Mear liveblogberjochten:

  • De útslaggen steane online!

    18.15 oere | 17 maart 2023
    It sit derop: de stimmen binne op partijnivo én kandidaatnivo teld, de prosessen-ferbaal binne opmakke en alle offisjele dokuminten binne tekene. It Sintraal Stimburo yn Ljouwert nimt it stokje no oer. 

  • Noch efkes trochsette...

    16.45 oere | 16 maart 2023
    De lêste loadsjes wage it swierst. Mar wat binne wy bliid mei alle ynwenners dy't ús as stammenteller helpe.

  • Stimmen telle is topsport

    12.00 oere | 16 maart 2023
    In sporthal fol mei tafels, stimbiljetten, papierwurk en konsintrearre gesichten: der wurdt hurd wurke yn Oerterp!

  • Wy geane wer los!

    8.50 oere | 16 maart 2023
    Nei in koarte nacht geane wy hjoed wer fol goede moed oan de slach. Wy binne yn MFC de Wier yn Oerterp foar it sintraal tellen fan de stimmen op kandidaatnivo.

  • Foarriedige útslach Wetterskip

    03.15 oere | 16 maart 2023
    En ek de foarriedige útslach fan de ferkiezing foar it Wetterskip is der! Dêrmei slute wy ús liveblog foar hjoed ôf.

  • In earste blik yn de útslaggen

    23.45 oere | 15 maart 2023
    Wylst it tellen by guon stimburo's noch yn folle gong is, binne oaren al klear. Wy jouwe jo alvast in earste blik yn de útslaggen.

  • Telle, telle en nochris telle

    21.30 oere | 15 maart 2023
    No't de stimburo's sletten binne, geane de stimbussen iepen. De stimbiljetten lizze oer de flier, om dêrnei mei folle omtinken teld te wurden.

  • De stimburo's binne sletten!

    21.00 oere | 15 maart 2023
    It is 21.00 oere en dat betsjut dat de doarren fan ús stimburo's ticht binne en dat stimmen net mear mooglik is. Telle mar!

  • No op Omrop Fryslân: Fryslân Kiest

    20.05 | 15 maart 2023
    Nijsgjirrich nei it ferrin fan de ferkiezings yn de hiele provinsje? Fan 20.00 oere ôf komt Omrop Fryslân live út it Provinsjehûs mei 'Fryslân Kiest' op radio en telefyzje.

  • Noch 1 oere om te stimmen!

    20.00 | 15 maart 2023
    Hawwe jo noch net stimd? Sykje jo stimpas en identiteitsbewiis dan byinoar en gean noch gau nei in stimburo by jo yn de buert. Om 21.00 oere slute de doarren!