Hjoed hat deputearre Eke Folkerts fan de provinsje Fryslân op wurkbesite west by de gemeente Opsterlân. Deputearre Folkerts hat Súdeast-Fryslân yn har portefúlje en sy besiket yn dat ramt de gemeenten yn dy regio. Foar de gemeente in moaie gelegenheid om de provinsje by te praten oer tema’s dy’t yn ús gemeente belangryk binne foar ynwenners.
De gemeente Opsterlân helpt en ynspirearret ynwenners en ûndernimmers by it meitsjen fan goede bouplannen. De gemeenteried hat hjirfoar saneamde sneltoetskritearia fêststeld.
De gemeenteried hat justerjûn 30 septimber ynstimd mei it foarstel om Ikenhiem te keapjen. De gemeente wol hjir in trochstreamlokaasje fan meitsje foar statushâlders.
De gemeente Opsterlân is yn gearwurking mei oare Fryske gemeenten in isolaasje-aksje begûn. Dizze aksje is spesjaal foar eigners fan in min isolearre wenning.
It kolleezje It Gemeentebestjoer hat besletten om oergongslokaasjes foar statushâlders en de mooglikheid fan rappe húsfestingoplossingen te ûndersykjen.
De gemeente Opsterlân fynt it wichtich dat alle ynwenners meidwaan kinne oan sport en kultuer. Dêrom hawwe wy it Fûns Sport & Kultuer foar Folwoeksenen.