Nijs

Besjoch it oersjoch fan aktuele nijsberjochten fan de gemeente Opsterlân.

  • Oekraynske delegaasje te gast yn Opsterlân

    Fan 23 juny oant en mei 5 july wie de gemeente Opsterlân gasthear foar in bysûnder besite út Oekraïne. De boargemaster en it haad fan de ôfdieling Húsfesting en Iepenbiere Wurken fan de gemeente Nedryhailiv brochten in twa wiken duorjend wurkbesite oan Opsterlân.

  • Fryslân hat beswier tsjin gaswinningsfergunning gebiet Akkrum

    Vermilion Energy hat fan de minister fan Klimaat en Griene Groei in fergunning krigen foar gaswinning út it gebiet Akkrum. De provinsje Fryslân tsjinnet beswier yn tsjin dit beslút en docht dat mei út namme fan Opsterlân en oare Fryske oerheden.

  • Undertekening Werbesinning fan de regionale Wenôfspraken

    De Fryske gemeenten en de Provinsje Fryslân ûndertekenje op 3 july, tidens de earste Fryske Wentafel, de werbesinning fan de Fryske regionale wenôfspraken. Wethâlder Marcel van Opzeeland wie hjirby oanwêzich.

  • Tinke jo mei oer ferkear yn Opsterlân?

    Hoe tinke jo oer fytsen, parkearje, iepenbier ferfier, ferkearsfeiligens en duorsumens? Wat kin better? Wat moatte wy krekt behâlde? Lit it ús witte!

  • Gemeenteried beslút foar opfang ûntheemde Oekraïners yn de Jasker, Nij Beets

    De gemeenteried hat op 22 april in posityf beslút naam oer de opfang fan Oekraïense flechtlingen yn earder skoalgebou de Jasker yn Nij Beets.

  • Bou fan MFC De Finne giet troch!

    De gemeenteried hat unanym goedkarring jûn foar it boukredyt foar de realisaasje fan it nije multyfunksjoneel sintrum (MFC) oan de Flesleane yn Beetsterzwaag.

  • Alderbijeenkomsten: It puberbrein

    Binne jo âlder fan in (hast) puber? Dan sille jo grif werkenne dat de opfieding yn dizze faze de nedige útdagings meibringt. Om jo hjirby te stypjen, geane wy ‘on tour’!

  • Rioelringwurksumheden

    De kommende wiken wurdt de rioelring yn gemeente Opsterlân skjinmakke en ynspektearre. Dit dogge wy om it rioel goed wurkje te litten en it miljeu te beskermjen.

  • Oprop foar mear hannelingsperspektyf behear wolf

    Sûnt de wolf him permanint yn Fryslân fêstige hat, nimme de oanfallen op hobby- en lânbouhúsdieren ta. Dêrom freegje de provinsje en ferskate gemeenten yn in brief oan steatssekretaris Jean Rummenie om mear hannelingsperspektyf foar behear fan wolven.

  • Suksesfolle edysje fan Jachtseizoen yn Oerterp

    Ferline wike stie Oerterp yn it teken fan spanning, aksje en gearwurking tidens it spektakulêre Jachtseizoen-evenemint. Mar leafst 128 dielnimmers giene de útdaging oan om út hannen fan de plysje en hanthavening te bliuwen.

  • Plannen trochstreamlokaasje Ikenhiem troch nei de folgjende faze

    De gemeenteried fan de gemeente Opsterlân hat justerjûn op 24 febrewaris stimd oer it jildbedrach dat nedich is om troch te kinnen gean mei de trochstreamlokaasje Ikenhiem yn Beetstersweach.

  • Oplichters aktyf

    De gemeente hat fernommen dat Undernimmers benadere wurde foar advertinsjes yn de gemeentegids. De gemeente Opsterlân makket lykwols gjin gemeentegids en ferkeapet gjin advertinsjes.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân