Fan 13 oant en mei 19 oktober wurdt yn hiel Nederlân de Wike fan de Opfieding organisearre. Yn dizze wike dogge âlders en bern of jongerein leuke dingen tegearre. Dit jier is it tema: Tegearre puzelje. Ek Opsterlân docht mei, dus kom tegearre en doch mei! Dielname is fergees.
Freed 10 oktober is it Dei fan Duorsumens. De gemeente Opsterlân giet der folslein foar mei in Duorsumenswykein yn De Gordyk en Ureterp: fan tongersdei 9 oktober oant en mei sneon 11 oktober.
De skeppe kin de grûn yn: de bou fan 40 nije hierhuzen yn De Gordyk stiet op it punt te begjinnen. De gemeente is bliid dat, nei in foltôge beswierproseduere, de wei frij is om de huzen te realisearjen.
Doarpshuzen binne wichtich foar de doarpen yn Opsterlân. Se binne in plak dêr't minsken elkoar moetsje, tegearre aktiviteiten dogge en ferieningen telâne kinne. Om de doarpshuzen goed te ûnderhâlden, is der in spesjale subsydzje.
Mei yngong fan tongersdei 4 septimber 2025 leit seis wiken lang it ûntwerp Biodiversiteitsplan Opsterlân 2026-2036 ‘Rûch is it nije kreas’ foar ynwenners fan en organisaasjes yn de gemeente Opsterlân ter ynsage.
De ferkiezing foar it Moaiste (Fer)bouprojekt fan Opsterlân hat in winner: de moderne skuorrewenning yn Lúkswâld is troch ynwenners keazen ta it moaiste (fer)bouprojekt fan 2025.
It ynformaasjepunt foar enerzjybesparring is wer iepen. Jo binne wolkom yn 'e bibleteek elke earste tiisdeitemoarn fan 'e moanne tusken 10.00 en 11.00 oere. De Gordyk .
Op 15 augustus fûn yn it Lycklamahûs de betinking fan it ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn Nederlânsk-Ynje plak. Persoanlike ferhalen yn in folle seal makken djippe yndruk.