Meikoarten wurdt der úteinset mei de bou fan 23 nije wenten yn Nij Beets. De anterieure oerienkomst foar it plan ‘Nij Beets, Doarpstrjitte 2’ is tekene. Dêrmei is in wichtige stap set rjochting ekstra wenromte yn it doarp.
De gemeente Opsterlân docht in oprop oan de eigner fan in oanhanger dy't op dit stuit parkeard stiet oan it Boekweitpaed yn Ureterp. De oanhanger stiet dêr al langere tiid sûnder bekende eigner.
Moarn (woansdei 5 novimber) hâldt it Gemeentlik Stimburo fan Opsterlân in hirtelling. De sitting is op it gemeentehûs yn Beetstersweach en is iepenbier.
2 oktober 2025 fûn de earste offisjele lotting foar projektmjittige kavels yn Opsterlân plak. De winners sille no acht wenten realisearje op de eardere skoallokaasje It Twaspan yn Wynjewâld.
De moderne skuorrewente yn Lúkswâld is troch ynwenners keazen ta it moaiste (fer)bouprojekt fan 2025. Op 25 septimber waard tidens in feestlike seremoanje de priis útrikt troch wethâlder Marcel van Opzeeland,